HEA! Jenna it geitefamke

Jenna Schotanus fan Harich wie as famke hielendal sljocht fan geiten. Sy hie yn 2012 twa eigen geitsjes, Mirre en Nikkie. Sy hat beide geitsjes noch altyd en sy is der noch altyd hiel drok mei.
HEA! Jenna it geitefamke
Jenna is al klear mei de stúdzje en wurket op it melkfeebedriuw fan har âlden. Har broer Douwe hie tsien jier lyn syn eigen feebedriuwke en op dit stuit is hy oan it wurk by heit en mem op de pleats. Hy hat net sa'n soad mei geiten.
Likegoed Jenna as Douwe wol boer wurde. Wa wit nimme sy de pleats fan heit en mem wol tegearre oer.