Oardel miljoen euro foar mear bioferskaat op Skylger Boschplaat

De provinsje Fryslân stelt 1,5 miljoen euro beskikber om it bioferskaat op de Boschplaat op Skylge te fergrutsjen en it gebiet mear klimaatbestindich te meitsjen.
De Boschplaat op Skylge © ANP Foto
It jild is bedoeld foar de earste faze fan de saneamde 'Boschplaat 2020'-plannen fan de provinsje, Steatsboskbehear, Rykswetterteat en de gemeente Skylge.
"Dit is hartstikke goed nieuws", fertelt boskwachter Remi Hougee fan Steatsboskbehear. "We zaten hier al enige tijd in spanning op te wachten. Er is veel tijd en energie in gestoken, samen met het eiland. Daarom is het geweldig."

Dynamyk werombringe

It jild is ûnderdiel fan de pot Specifieke Uitkeringsgelden dy't it Ryk beskikber stelt oan provinsjes om de kwaliteit fan besteande natuer te ferbetterjen.
Mei it jild wurde de earste maatregels naam om dynamyk werom te bringen op de kwelders en yn de dunen op de Boschplaat. Dit soe goed wêze foar it bioferskaat en moat it gebiet helpe om mei te groeien mei de stigende seespegel.
"We willen de natuur meer ruimte geven", jout boskwachter Hougee oan. "De kwelder mist dynamiek en daardoor is de begroeiing op bepaalde plekken monotoon."

Iepen karakter

De útfiering fan it projekt set útein mei it oanpassen fan de beweide dielen op de kwelder. Dit soarget foar it behâld fan it iepen karakter fan it gebiet. Dat wurk wurdt nei ferwachting ein 2022 of begjin 2023 útfierd.
"Dat gaat om het westelijke deel", seit Hougee. "Door de begrazing is daar een unieke vegetatie ontstaan, met andere planten en bloemen dan op andere plekken. Daarom willen we het bestaande begrazingsgebied enigszins uitbreiden."

Stowende dunen

Dêrneist komme der plannen foar it werombringen fan stowende dunen en oerstreamingsflakten.
Wyn en wetter sette by oerstreaming en ferstowen in soad sân ôf op de Boschplaat. Dit is goed foar it bioferskaat en it gebiet groeit sa mei de seespegel mei.
De Boschplaat op Skylge © ANP Foto
It doel is om yn 2024 mei de útfiering te begjinnen. Ek wurdt fierder ûndersyk dien nei de kustûntwikkeling fan de Boschplaat, sawol oan de Waadsee as de Noardseekant.
De kustline fan de Boschplaat is de ôfrûne desennia weromlutsen. Der wurdt besjoen wat dit betsjut foar de natuerwearden. It is noch net dúdlik oft en wannear't der maatregels nedich binne.

Monitoaring doelen

Neist it útfieren fan maatregels wurdt monitoard of de beëage doelen berikt wurde.
Dêrfoar komt der in monitoaringsprogramma, yn gearwurking mei de Waadakademy, om de ferbining te lizzen mei de wittenskiplike wrâld. It doel is dêrby ek om kennis op te dwaan dy't op oare plakken wer tapast wurde kin.

Genôch jild

De basis foar de maatregels dy't naam wurde, leit yn de Boschplaatfyzje 2050. Dizze is yn 2018 troch Steatsboskbehear yn gearwurking mei de gemeente, Rykswettersteat en de eilanners opsteld. De fyzje waard makke yn opdracht fan de provinsje Fryslân as foarrinner op in nij Natura 2000-behearplan.
It plan beskriuwt de mooglikheden om it bioferskaat te werstellen en it gebiet klimaatbestindiger te meitsjen, wêrtroch't de bysûndere planten en bisten op de kwelder in ympuls krije.
De 1,5 miljoen euro is neffens de ferskate partijen genôch om de kommende jierren de earste maatregels nimme te kinnen en de fierdere plannen yn mear detail út te wurkjen.