Bousektor net gerêst oer de takomst: gefaar foar fertraging by projekten

Boubedriuwen meitsje har soargen oer de takomst. Troch de enerzjykrisis wurdt alles djoerder. En der is ek noch in krapte fan boumaterialen.
Nijbou yn Heech © Omrop Fryslân
Bygelyks bakstiennen en dakpannen binne djoerder wurden. En der is ek krapte fan boumaterialen, lykas toiletpotten en waarmtepompen. Dêrtroch is it gefaar dat bouprojekten fertraging oprinne of stilfalle sille.
Hjir en dêr is dat sels al it gefal: de werûntwikkeling fan Aldlânstate yn Ljouwert rint bygelyks fertraging op. Dat komt troch sawol hegere materiaalprizen as de prizen fan brânstof.

'Priis net by ûndernimmers dellizze'

Sokke 'unike' priisstigingen dy't net te foarsjen wienen, kinne net by de ûndernimmers dellein wurde, seit direkteur-bestjoerder Désirée van Dijk-Attema fan Stichting Rendant, dy't Aldlânstate yn behear hat.
Ympresje fan it 'nije' Aldlânstate © HEVO / Aldlânstate
"Staalproducenten hebben bijvoorbeeld alle gedane aanbiedingen geannuleerd en hebben nieuwe prijzen bekendgemaakt die maar voor een beperkte periode geldig zijn."
Se wit net hoefolle fertraging oft it projekt oprint, mar fersekeret wol dat de werûntwikkeling net skrast wurdt.

Lytse oanwaaks fan minsken

Oer it generaal dogge boubedriuwen it op dit stuit noch goed en ha se genôch opdrachten. Mar oer de takomst binne se net gerêst. Direkteur Gerard van der Duim fan boubedriuw Lont ferwachtet dat minsken út de bou ferdwine sille.
"We ha it yn de krisistiid sjoen dat 70.000 fakminsken út de bou ferdwûn binne. De oanwaaks is net hiel grut."
Gerard van der Duim, direkteur fan boubedriuw Lont © Omrop Fryslân, René Koster
De sektor kin dus net sa'n soad ha, seit Van der Duim. "As der wer in lading útrekket, dan sil it by de folgjende opstart fan de bou dreger wurde om minsken te finen. Dan giet it om boufakkers oer de hiele liny: tegelsetters, timmermannen, foegers en skilders."

Gefolgen foar ekonomy en huzemerk

Neffens de direkteur binne boubedriuwen al oan it praten mei opdrachtjouwers en taleveransiers. "De hiele sektor moat mei-inoar yn oerlis om ta in oplossing te kommen. Oars kin it grutte gefolgen ha foar de ekonomy en ek de huzemerk wurdt dan noch mear oerspand."