Advokaat yn Vidar-saak: "Friese misdaad is los zand, geen Taghis of Holleeders"

De ynset fan de kriminele boargerynfiltrant yn de saak-Vidar wie net rjochtmjittich. Dat sei advokaat Jan Boksem tiisdeitemoarn yn de rjochtbank fan Ljouwert.
"De Vidar-zaak kent geen Taghis of Holleeders":
Boksem ferdigenet de 58-jierrige fertochte út Surch, dy't troch justysje sjoen wurdt as de haadrolspiler yn in ynternasjonale drugsbinde. Tsjin de man is ferline wike troch it Iepenbier Ministearje acht jier sel easke, de heechste straf yn dizze saak.
It IM sei dat de fertochte syn lidmaatskip fan de Hells Angels brûkt ha soe by de útfier fan drugs nei Skandinavië.

IM: kriminele boargerynfiltrant wie nedich

De saak, dy't de namme Vidar krigen hat, is oan it ljocht kaam troch de ynset fan in kriminele boargerynfiltrant: in boarger dy't mei tastimming fan it IM kriminele aktiviteiten útfiere mocht. Justysje stelde dat syn ynset nedich wie om de binde op te rôljen.
Advokaat Jan Boksem © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Neffens Boksem moat de ynset fan in kriminele boargerynfiltrant foldwaan oan strange easken. Sa mei justysje it middel allinnich ynsette by in sletten krimineel netwurk.
Een stel amateuristische plattelandscriminelen die met drugs geld dachten te verdienen.
Jan Boksem oer it Fryske misdiedsirkwy
"Maar dat is het Fries misdaadcircuit niet", seit Boksem. "Het hing als los zand aan elkaar. Een stel amateuristische plattelandscriminelen die met drugs geld dachten te verdienen."

Gjin tûzenen kilo's

Fierder moat der sprake wêze fan in slimme foarm fan kriminaliteit. "Dat zie ik niet. De Vidar-zaak kent geen Taghis of Holleeders. Het gaat niet om duizenden kilo's in containers, maar om 86 kilo amfetamine waarvan de uitvoer nog eens mislukt is ook. Er is ook geen geweld gebruikt. Het had allemaal een provinciaal karakter."
Neffens Boksem die boppedat bliken dat de ynfiltrant ûnbetrouber wie, omdat er in belang ha soe. "Hij heeft mijn cliënt uitgelokt."
Boksem sprekt fan in 'ernstig vormverzuim' fan it Iepenbier Ministearje. "Bewijsuitsluiting is een passende sanctie."

Byld moat bysteld wurde

Hy frege frijspraak foar syn kliïnt. "Het OM heeft gedacht een grote internationale drugsbende op te rollen, maar dat beeld moet worden bijgesteld. De Vidar-zaak is geen Marengo of Passage."