Soepboer fielt 'morele plicht' om wethâlder te wurden

De kâns is grut dat Aant Jelle Soepboer foar de FNP wethâlder yn Noardeast-Fryslân wurdt. "It liket goed, litte wy it sa mar sizze."
Aant Jelle Soepboer (FNP) op de útslaggenjûn yn Dokkum © RTV NOF, Bote Sape Schoorstra
In hûndert persint befêstiging wol Soepboer noch net jaan. "Wy sitte noch yn de ûnderhannelingen, ik wol net foarútrinne op it formaasjeproses." Mar hy lit wol trochskimerje dat de kâns grut is.
De FNP waard yn Noardeast-Fryslân de grutste partij mei de gemeenteriedsferkiezingen. "Wy wiene optein mei de ferkiezingsútslach. Acht sitten, dat hiene wy net tocht. Wy hiene wol de goede hoop dat wy it goed dwaan soene en wat grutter wurde soene. Mar wy waarden de grutste en moatte de formaasje liede."

Wethâlders út eigen gemeente

Mar it hat ek konsekwinsjes foar de fraksje sels. "Mei sa'n útslach moatte je ek twa wethâlders leverje. De winsk fan de gemeenteried yn it ferkenningsproses wie dat de wethâlders út de eigen gemeente komme. Dan moatte je dêr nei harkje en sjen nei wa't dêr yntern geskikt foar is."

Morele ferplichting mei 2.271 stimmen

En dan komme je al gau by Soepboer sels út. "Mei it tal stimmen dat ik krigen haw fiel ik ek wol in morele ferplichting. In ferantwurdlikens om it dochs te dwaan", seit hy.
Soepboer krige 2.271 stimmen mei de ferkiezingen. Dat is sa'n 11,5 persint fan alle minsken dy't yn Noardeast-Fryslân op in kandidaat stimd hawwe. In útslach dy't Soepboer dochs noch wol fernuvere. "Ik hie it net oankommen sjoen."
Blydskip by Soepboer op de ferkiezingsjûn © RTV NOF, Bote Sape Schoorstra
As wichtichste ambysje sjocht Soepboer: "Ik tink dat wy in grutte slach slaan kinne om tichter by de minsken te stean. Wy hawwe in weryndielingsgemeente dy't grutter wurden is. Je moatte berikber wêze en ticht by de mienskip stean."

Gemeentefinânsjes

Soepboer hopet ek dat it Ryk de gemeenten yn steat stelt om beloften wier te meitsjen. "Dit is wol ien fan dy grutte problemen dy't as in swurd boppe de gemeentlike begruttingen hinget. It Ryk komt mei besunigingen foar de gemeenten, mar dy kinne it eins net betelje. Gemeenten moatte har yn bochten wringe om de begrutting dochs rûn te krijen."
Dat is net goed, fynt Soepboer. "Miskien moatte wy as gemeenten ris sizze: wy hâlde dêr mei op. Dan hawwe je strukturele tekoarten, mar wurdt it wol dúdlik foar it Ryk dat der wat barre moat."
Aant Jelle Soepboer
FNP sil mei S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân) en Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân in kolleezje foarmje. Dat is bysûnder om't it trije lokale partijen binne, hoewol't S!N wol bestiet út minsken dy't har lanlik by de PvdA, GroenLinks, SP of D66 thús fiele.

"De kiezer hat sprutsen"

Dat it oars sa grutte CDA yn Noardeast-Fryslân bûten de boat falt, dêr wie Soepboer earder reëel oer. "Ik tink dat it in direkt gefolch is fan wat der lanlik spilet by it CDA. Mar je hawwe it ek altyd in bytsje oan jesels te tankjen. Ik wol net mei fingers wize, mar de kiezer hat wol sprutsen. FNP en S!N binne de grutte winners."
De partijen wolle fiif wethâlders oanstelle. "Der komt ek in soad op de gemeente ôf, tink oan de omjouwingswet of besunigingen. Dan moatte je ek goed ynsette", sa is Soepboer fan betinken.