Ekstra plysjekontrôle op losrinnende hûnen op Skiermûntseach

De plysje op Skiermûntseach kontrolearret de kommende tiid ekstra op hûnen dy't net oan 'e riem sitte. De gemeente konstatearret dat der hieltyd faker hûnen los rinne, wylst dat op de measte plakken net mei.
Dizze hûn op Skiermûntseach sit kreas yn 'e fytskoer © Shutterstock.com (Joop Hoek)
Gemeente Skiermûntseach jout oan dat hûnen dy't net oan 'e riem sitte, oerlêst feroarsaakje kinne. Sy kinne bygelyks greidefûgels fersteure dy't op it nêst sitte. In fûgel kin al opfleane as in hûn op 500 meter fan in nêst rint, sa seit de gemeente. Ek yn it ferkear kinne der ûnfeilige situaasjes ûntstean troch losrinnende hûnen.

Losrinrûten

De gemeente wiist op in oantal spesjale losrinrûten, dy't troch de ried fêststeld binne. Dizze rûten binne troch Natuurmonumenten foarsjoen fan buorden. De losrinrûten binne ek te finen yn in folder dy't by de gemeente en ynformaasjesintrum Het Baken te krijen is.