Resinsje Broest: "Oeral sit muzyk yn!"

Broest is muzykteäter sûnder wurden. Oer de man yn al syn fasetten. De machoman njonken de metroman. In symfony fan lûden út ús eigen omjouwing: de wjerklank fan de moerkaai op de motorkap!
Henk te Biesebeek © Omrop Fryslân
Alinda Talsma is sljocht op manlju, dat wol sizze in 'echte' man: stoer, nochteren en sterk. Benammen de Haka, in tradisjonele dûns fan Maori's (de oarspronklike bewenners fan Nij-Seelân) ynspirearre har ta in hiele foarstelling: Broest. Oer de posysje fan de man yn in hieltyd mear genderneutrale wrâld. Bysûnder.
Yn it radioprogramma Op & Ut besprekt ferslachjouwer Henk te Biesebeek alles wat him yn Fryslân ôfspilet op kultureel mêd. Syn resinsjes ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân.
Foar Omrop Fryslân fertelde Alinda dat se mei Broest ek in boadskip fertelle wol. Of dat klisjeebyld fan de machoman wol kloppet. Wat it betsjut om 'anno no' in man te wêzen. De kontroverze tusken de spierde krêftpatser en de metroman.
It makke my o sa benijd nei it resultaat dat dit opsmiten hat.
Pieter Hoekstra dûnset de Haka © Piet Douma
De foarstelling is opdield yn njoggen sênen. Koarte sketskes dy't de man yn al syn fasetten sjen litte. Syn positive en negative oanwensten.
De earste sêne as foarstellingsrûntsje fan alle tolve spilers. Tusken de 20 en 60 jier âld. En fan alle merken thús. De timmerman njonken de pianolearaar, mar ek de eigener fan in sportsintrum njonken de gemeente-amtner.

Toanielbyld

Broest wurdt spile yn de fabrykshal fan De Mannen van Staal. Altyd yn foar ditsoarte kulturele projekten. En dan komt Kees Botman op foar in koarte yntroduksje. Mei Pieter Stellingwerf is hy de grutte man achter BUOG, yn Fryslân en fier dêrbûten ferneamd om harren teäterspektakels.
Dan moat it mei it toanielbyld fan Broest en de teätrale effekten wol goed komme dus.
Dat is ek sa. De njoggen koarte sketsjes spylje har ôf op it wurkplak fan ien fan dizze minsken. Elts yn syn eigen habitat. Op kantoar, yn in garaazje, of op in manljuswykein yn de natuer, kompleet mei kampfjoer. Foar de taskôger falt fan alles te sjen. Safolle prachtich útwurke details yn it toanielbyld.

Perkusje

Mar de wiere krêft fan Broest is fansels de muzyk. Perkusje, foarme mei de lûden út de wrâld om ús hinne. Yn alles sit muzyk! Muzyk is oeral. Yn alle dingen om ús hinne.
De kantoarsêne bygelyks: it tikjen op de toetsebuorden, in krante dy't iepen en tichtslein wurdt. En dêr oerhinne de hast yn mantra songen stimmen fan de spilers. Want dat moat ek dit kear sein: ek dizze robúste manlju sjonge allegear as klysters!
Typyske manljuskultuer: it fuotbalstadion © Piet Douma
Nei dizze foarstelling sjogge je tenei hiel oars nei in wurkpleats yn de autogaraazje. It iepen en tichtslaan fan de autodoarren, it slaan mei tangen en moerkaaien op de motorkap, it deksel fan in ôffalkontener dat tichtfalt. Prachtich hoe't Alinda en muzikaal lieder Dennis Dronkers dizze lûden út de gewoane wrâld om ús hinne byinoar bringe ta hast in symfony.
De oere is foarby foar't je it yn de gaten hawwe. Mei in soad humor hâldt Broest de gong deryn. Mar wêr haw ik eins nei sjoen, tink ik as de spilers it applaus yn ûntfangst nimme. Wat is no eins dat boadskip?
"Schiet de mannen van de voorstelling, maar aan", seit Alinda yn it programmaboekje. 'Bevraag ze over hun mannelijkheid? Misschien worden je vragen beantwoord. Of beantwoord jij ze zelf?'

Djipgong

Dat ferlet hie ik hielendal net. Ik ha my ommers poerbêst fermakke mei in libbene foarstelling oer de man yn al syn fasetten.
Mar djipgong? Dêrfoar soene faaks mear ferstilde sênen nedich wêze. In momint dat de taskôger de man ek wrakseljen sjen kin mei syn posysje yn dizze maatskippij, dêr't sels de geslachtsoantsjutting man/frou op 'e siich yn stiet. Mar Broest dinderet fierder...
It klisjeebyld fan de machoman © Piet Douma
De dame njonken my op de tribune hie it yn alle gefallen net mist. Se fertelde my dat sy yn 't foar krekt tsjin de foarstelling opsjoen hie. In poadium fol dûnsjende machokeardels like har neat. "Mar ik fûn it prachtich", sei sy. "Wat wie dit in moaie jûn út." No sa.
Broest is de earste offisjele produksje fan Alinda Talsma. Nei in burn-out en in drege tiid yn famyljerûnte, smiet se it roer radikaal om en keas se definityf foar de kultuer. As muzikant en no ek as produsint fan teäterfoarstellingen. Broest lit sjen dat Alinda in goed beslút nommen hat!