Spuitbusfandalisme op de sportfjilden yn De Harkema

Yn De Harkema binne freed ferskate gebouwen en objekten mei blauwe ferve bekladde. Frijwilligers fan fuotbalklup Harkemase Boys seagen dat fandalen op meardere plakken dwaande west hiene mei in spuitbus.
Fan alles siet ûnder de blauwe ferve © Harkemase Boys
Sa binne der by sportpark De Bosk in heakkekrús en in geslachtsdiel yn blauwe ferve op in muorre spuite, mar ek in raam, fyts en scooter sieten derûnder. Ek yn de omkriten fan de sporthal binne objekten bekladde, lykas by it fytspaad tusken de sporthal en de Reitsmastrjitte.
Harkemase Boys hat op sosjale media in oprop dien nei tsjûgen dy't wat fan it fandalisme sjoen hawwe.