Fytser mei in slokje tefolle op yn botsing mei auto yn Kollumersweach

Op de Foarwei yn Kollumersweach is in fytser yn botsing kaam mei in auto. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht, de automobilist út De Westereen kaam mei de skrik frij. Nei alle gedachten hie de fytser in slokje tefolle op.
De helptsjinsten kamen op it plak © Noordernieuws
It slachtoffer kaam út in kafee yn Feankleaster wei en slingere oer de dyk hinne. De fytser kaam yn botsing mei de auto en foel op 'e dyk. De auto rekke troch it ûngelok skansearre.
De plysje hat de situaasje op papier set en docht ûndersyk nei it ûngelok.