VC Snits ferslacht Utrecht en stoarmet troch nei heale finales

It waard efkes spannend, mar VC Snits is wer in ronde fierder yn de play-offs. Yn de return fan de kwartfinales waard Utrecht mei in lytze marzje ferslein.
© Orange Pictures
De seinen stienen foarôf al op grien foar de Snitsers. Twa wike ferlyn waard yn de reguliere kompetysje noch spile tsjin Utrecht en doe waard it 3-0. By de earste wedstriid yn de kwartfinale waard ek wûn, doe mei 3-2.

Snits sterk

Sneontejûn gie it yn de return eins krekt as de eardere wedstriden: Snits wie de sterkste yn eigen hûs en sette dat yn de earste set ek fuort om yn in winst fan 25-21.
Yn de twadde set diene de besikers it wat better en mei 22-25 pakten se sels de twadde set.
Dat besochten de Snitsers yn de tredde set gau wer rjocht te setten en se kamen op in flinke foarsprong. Nei it ein fan de set rûn de foarsprong wat werom mar mei 25-20 wie de winst wol foar Snits.

Beslissende sets

Mei de 2-1 tuskenstân wiene de Snitsers noch mar ien set ferwidere fan de heale finales. Mar maklik gie dat net: de ploegen giene lang lykop en wikselen de foarsprong hieltyd ôf. Sterker noch; Utrecht wûn mei 22-25.
Dêrmei wie de fyfde set de beslissende. En ditkear mei súkses: mei 15-5 hellen de Snitsers opnij in 3-2 einoerwinning binnen.
Yn de oare kwartfinale wûn Sliedrecht Sport twa kear fan Dynamo. Ynkoarten nimt Snits it yn de heale finales dus op tsjin de Sliedrechters.