Optearweinen winne oan populariteit, mar allinne sûnder blomkegerdyn

"Kampearje is hiel populêr op 't heden, en de optearwein profitearret dêrfan mei." Dat seit Treeske Blanke. Se ferkeapet optearweinen.
© ANP
De 'fouweinen' stiene lange tiid bekend as 'âlderwetsk', mar dat is feroare, seit Blanke. Mei har man Jan en har soan Jochum Jan ferkeapet se al mear as 30 jier optearweinen, yn harren saak yn Noardburgum.
"Blomkegerdinen en in oranje tintedoek, dat ha wy al lang net mear", seit Treeske. De optearwein is bot feroare yn de lêste jierren. "Der is neat 'truttigs' mear oan. Se binne stoer en hast alles is mooglik."
Sjoch nei de reportaazje:
Neffens sektororganisaasje BOVAG hat de ferkeap fan caravans no it heechste punt berikt yn 10 jier. Yn Noardburgum sjogge se dat de drokte yn it begjin fan de coronaperiode begûn.
"Wy hawwe sels gjin tiid hân om op fakânsje te gean", seit Treeske. "Dat is de oare kant fan it sukses. Mar we hawwe it der foar oer."