Brân yn masinekeamer fearboat Amelân: alle passazjiers feilich fan board

Yn de masinekeamer fan de fearboat nei It Amelân is brân útbrutsen. De brânwacht fan It Amelân hat it fjoer útmakke.
In webcam by de fearterminal lei alles fêst:
Neffens rederij Wagenborg is de brân ûntstien doe't it skip ûnderweis wie nei It Amelân. De bemanning hat de brânwacht warskôge. Dy koe oan board komme doe't it skip oan de steiger lei.

Feilich fan board

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht koe it fjoer gau útmakke wurde. Alle passazjiers en bemanningsleden binne feilich fan it skip ôf kaam.
Oer de oarsaak fan de brân is neffens de wurdfierder noch neat te sizzen.
Op bylden is te sjen dat de boat dêr't de brân wie, de Sier, oan de kant fearn is. Passazjiers binne mei de Oerd fan It Amelân nei Holwert brocht.

Gefolgen foar tsjinstregeling

It is net dúdlik wat de brân betsjut foar de tsjinstregeling. De rederij Wagenborg koe dêr om acht oere jûns hinne noch neat oer sizze.