Fersetskoeke ite by de 'gouden' muorren fan it âlde stedhûs fan Warkum

It histoaryske gemeentehûs oan de Merk yn Warkum is no ûnderdiel fan it museum Warkums Erfskip. Oant no ta siet it museum yn de Waach op itselde plein, mar dat is net mear grut genôch foar alle stikken.
Stedhûs Warkum is no in museum:
Dêrom hiert it museum twa ferdjippings fan it 15de-iuswke stedhûs, fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
It is in sinneskyndei yn de winter fan 1943. By bakker Otto Zijlstra rinne Warkumers de winkel yn foar in pak koeken. Knapperige skiven, mei in hint fan hoop yn 'e foarm fan frisse sinesapelsmaak. Miskien hast gelok en binne se noch waarm. Yn de fitrine lizze de koeken oantreklik wikkele yn in ferpakking mei dêrop de letters 'OZO'.
In Dútske soldaat rint mei stevige pas nei binnen ta. De koeken moatte fuort! En fluch! Want de fersetsterm OZO, Oranje Zal Overwinnen, is foar de besetter absolút net akseptabel. De tûke Zijlstra is taret: "Oranje? Bisto gek! Dit binne gewoan 'Otto Zijlstra Oorlogskoeken!'"
OZO-koeken, op 'e nij bakt foar de iepening © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Besikers wurde mei dizze fersetshumor wolkom hjitten yn it âlde stedhûs fan Warkum. Fan 16 april ôf is dat offisjeel de nije dependânse fan museum Warkums Erfskip. Ta eare fan de iepening binne de koeken wer bakt. Ien fan de nije museumkeamers is nammentlik in echte oarlochssouder, dêr't ferhalen fan de Twadde Wrâldoarloch út Warkum en omkriten ferteld wurde.

Oerskot oan ferhalen

"Troch in oarlochsboek fan Jan Pieter Dykstra mei de namme OZO-koeken is it noch altyd in begryp yn Warkum", seit Johan Bouwhuis, bestjoerslid by museum Warkums Erfskip.
"Ik haw bakkerij Keuning frege om it resept te efterheljen. Hy hat it fia syn skoanmem dy't se noch iten hat. De minsken dy't by de iepening binne, krije in pak koeken mei."
De ferhalen fan de oarlochssouder komme foar in grut part fan de hân fan Jan Pieter Dykstra
Jan Pieter Dykstra hat frijwillich holpen by it gearstallen fan de tentoanstelling. De ôfrûne jierren wie er dwaande mei it sammeljen fan oarlochsferhalen: "Ik hie fierstente folle, man! Guon fan dy ferhalen hawwe wy no brûkt foar dizze útstalling. Ik bin der hiel tefreden oer. Wy binne al in skoftke iepen west, mar troch corona wie dat net optimaal. De reaksjes dy't wy doe heard hawwe, wienen echt hiel posityf. Op sa'n lyts oerflak is der safolle te sjen en te belibben."
De souder is de boppeste ferdjipping fan 'e dependânse, te berikken fia in âlde houten trep op de earste ferdjipping. Mar der is mear te sjen: by de yngong fan it museum wurde je opwachte troch twa liuwebylden dy't eartiids op it bordes stiene.
Oan de ein fan de seal is de folslein restaurearre boargemasterskeamer en riedseal te sjen. Bouwhuis: "De minsken kinne in moai byld krije hoe't it der al sûnt ûngefear 1750 útsjocht. It is krekt allegearre opknapt. Dus it binne wer moaie romten om te sjen."
Ferslachjouwer Casper Slotboom sjocht mei Johan Bouwhuis yn de histoaryske keamers
Wat opfalt, binne de tablets, lûdsapparaten en skermen dy't oeral hingje. "Wy hawwe in buro dêrfoar ynskeakele", seit Bouwhuis.
"Dêr binne ek subsydzjes foar oanfrege. Sa stiet it goed as eksposysje. Jo kinne filmkes, multymedia en slideshows mei foto's sjen. Guon dêrfan hawwe ek lûd. Foar jongerein makket it dat ek moaier om te sjen. It is in stik ynteressanter en dynamysker."
Dykstra: "Dêrtroch kinne we ek allegearre eftergrûnynformaasje biede oan de minsken. Hearst echt hoe't in motor fan in fleantúch wie yn dy perioade."
Neffens Bouwhuis wie de sfear op sneontemoarn poerbêst. De besikers fine de dependânse tige nijsgjirrich: "Se wiene oan it genietsjen fan de OZO-koeken! Dus de iepening wie in grut sukses!"