ONS Snits ferrast mei oerwinning op titelkandidaat Volendam

ONS Snits kin mei in goed gefoel it peaskewykein yn. De Snitsers ferrasten elkenien en harrensels mei in grouwe oerwinning op titelkandidaat Volendam.
© Orange Pictures
ONS Snits stiet noch hieltyd yn de gefaresône fan de haadklasse. De Snitsers stean fjirtjinde en moasten sneon ek nochris nei de nûmer twa fan de kompetysje: RKAV Volendam.
Mar it rûn hiel oars as ferwachte: nei in lyts healoere kamen de Snitsers op 0-1 doe't Nick Kleen in stekpass fan it middenfjild ôf omsette koe yn in goal. Volendam bleau goed meidwaan, mar Snits helle it skoft mei 0-1.

Kampioenskandidaat

Volendam docht noch mei om it kampioenskip en koe wol in oerwinning brûke. Se sette dêrom in ekstra spits derby. Mar dat soarge foar in sterke faze foar Snits, dy't gau de 0-2 makken.
Nei in reade kaart foar Volendam waard it mei in frommelgoal ek nochris 0-3. Volendam kaam noch wol op 1-3 mar Snits drukte goed troch en Leen sette mei syn twadde fan de middei de 1-4 einstân op it skoareboerd.

Omheech sjen?

Ynterim-trainer Arnoud Koster hopet dat mei dizze oerwinning de line omheech ynsetten wurde kin. "Maar dat weet je nooit, dat dachten we na AZSV (Snits wûn mei 3-0 nei it ûntslach fan Jan Vlap, red.) ook. Maar de wedstrijden erna verloren we weer."
Peaskemoandei stiet de folgjende wedstriid alwer op it program. Dan reizget Snits ôf nei Eemdijk, de nûmer fjouwer fan de haadklasse. "Opnieuw een lastige opponent", sjocht Koster foarút. Hy is elts gefal hoopfol: "Daarna kunnen we weer eens naar de ranglijst kijken."

Bûtenpost oerlibbet NSC

Kompetysjegenoat Bûtenpost gie sneontemiddei op besite yn en by NSC Nijkerk, de nûmer fyftjin. De Blaukes hiene yn it begjin mear balbesit, mar de grutste kâns kaam fan Nijkerk. Ien-op-ien koe doelman Kevin van der Meulen rêding bringe.
© Orange Pictures
De minuten dêrnei moast de ferdigening fan Bûtenpost noch in pear kear yngripe, diels ek troch eigen flaters. Mar de Blaukes holden oant it skoft stân: 0-0.

Net skerp

Nei it skoft gie it eins krekt sa. De kânsen wiene foaral foar Nijkerk, mar sy wiene net skerp genôch om raak te sjitten. Sa einige de wedstriid yn in doelpuntleas lykspul.
MMei it punt fan sneon komt Bûtenpost op likense hichte mei nûmer tsien Putten. Sy ferlearen fan Berkum, dy't de Blaukes dêrtroch ynhelje. De ploech fan Willem Brouwer sakket sa nei it tolfde plak fan de haadklasse B.