Friezetsjerke bringt 'bedankt voor de bloemen' werom yn Rome

It like der efkes op dat der dit jier gjin 'bedankt voor de bloemen' oer it Sint-Pitersplein yn Rome klinke soe. Mar mei tank oan de Friezetsjerke is it dochs slagge it Vatikaan yn Nederlânske blommen te stekken.
© ANP
Nei twa coronajierren sûnder blommen op it plein, slagge it blomker Paul Deckers no net mear om sponsoaren byinoar te krijen. Dêrmei like in tradysje fan mear as 30 jier ferlern: Johannes Paulus II spruts yn 1989 foar it earst 'bedankt voor de bloemen' út.
Mar sa'n tradysje ferlieze, dat koe net, tochten se by de Friezetsjerke. "We vernamen het via de media en dachten, zo'n traditie gaan we niet verlaten", seit rector Antoine Bodar fan de tsjerke.
"Op dezelfde dag nog hebben we een initiatief ontplooid", fertelt Bodar. Der waard in nije arranzjeur fûn en de Nederlânske blommen binne dus werom yn Rome. Al sil dat der dit jier wol wat oars útsjen, ferwachtet Bodar.
Nije arranzjeur Piet van der Burg kiest de blommen út © ANP
"Je zag vroeger vaak een horizontale bloemschikking. Deze man is een bloemkunstenaar die een andere manier van versieren heeft, meer de hoogte in."

Franciscus tankber

De blommen binne yntusken hast klear foar it Urbi et Orbi. "Sinds vanochtend zes uur zijn ze bezig om de bloemen te arrengeren op het Sint-Pietersplein", seit Bodar.
Hy is optein dat der dochs wer Nederlânske blommen binne. "Daar ben ik ontzettend dankbaar voor. Ook het Vaticaan en ik denk zelfs de Paus."