HEA! Boatsjefarre mei muzyk

Sven en Quintijn binne elk yn in boatsje ûnderweis fan Harns nei Arum. Dêr geane se nei de supermerk foar in blikje drinken en in pûdsje sjips, mei muzyk derby.
HEA! Goeie yn Kimswert:
De jonges út Harns fine boatsjefarren moai wurk, hielendal no't it wer moaier waar wurdt. Wol gauris farre se nei Arum en wer werom. Sven hat in grutte lûdsboks oan board. Hy hâldt foaral fan Nederlânsktalige muzyk. Dy komt ûnderweis dan ek lûd oan. Yn de doarpen giet it folume wat omleech, want se wolle gjin gedoch ha.