Dokterswacht Fryslân hat it smoardrok: wachttiden fan mear as oardel oere

Minsken dy t mei medyske klachten belje mei Dokterswacht Fryslân, moatte langer wachtsje as normaal. De wachttiid rint op oant ien oere en trije kertier.
Dokterswacht Fryslân © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dokterswacht Fryslân advisearret om by net-driuwende klachten earst te sjen op Moetiknaardedokter.nl of thuisarts.nl.
By echt driuwende klachten kin yn it menu fan de Dokterswacht de 1 yndrukt wurde of 112. Neffens in wurdfierder fan Dokterswacht Fryslân is it faker drok by feestdagen. Minsken kinne dan net altyd terjochte by de húsdokter en belje de Dokterswacht.