Oanlis sinnegreide by Akkrum yn folle gong
Op de Leppegreide by Akkrum wurdt hurd wurke oan de oanlis fan in sinnegreide, dy't 40 persint fan it doarp fan stroom foarsjen kin. Yntusken steane de earste pealtsjes yn de grûn. It is de bedoeling dat de panielen yn juny op it net oansletten wurde.

De Leppegreide is in stik lân oan de noardkant fan Akkrum tusken it spoar, autodyk A32 en in akwadukt. Neffens foarsitter Harry Haitsma fan de sinnegreide koe it plak hast net better. "Der binne gjin bewenners dy't hjir lêst fan hawwe kinne. Der hoecht hjir allinnich mar sa no en dan meand te wurden."
Grut applaus
It doarp wie al fluch entûsjast. "Fjouwer jier lyn binne we alris yn it pleatslike kafee west om te sizzen: dit wolle we graach. Doe krigen we ien grut applaus", seit Haitsma.
Dêrnei kamen de nedige tûkelteammen oan it ljocht. "De Gasuny leit derûndertroch mei grutte gasbuizen. Dêr moatte je om tinke. Fia de gemeente moasten we it lân mei in hierkonstruksje krije en it oansluten fan it park wie ek net ienfâldich, om't der kabels ûnder de dyk troch moasten."
No binne se drok dwaande mei de oanlis. Neffens Haitsma is de timing perfekt. "Wy kinne op it net leverje en dan kinne we in hiele moaie priis krije dêrfoar. Oan de oare kant: de pealtsjes dy't we hjir no sjogge, binne ek djoerder wurden yn fergelyk mei wat wy earder begrutte hawwe."
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Harry Haitsma fan de sinnegreide