Coronatesten en -faksinaasjes fan maaie ôf op itselde plak

It faksinearjen tsjin it coronafirus en it ôfnimmen fan PCR-tests sil fan maaie ôf op itselde plak barre. Hûndert meiwurkers dy't earder allinnich testen ôfnamen, wurde troch de GGD oplaat as faksinaasjemeiwurkers.
In coronatest © ANP
No is it noch sa dat testen en faksinaasjes op ferskillende plakken útfierd wurde. Dat sil dus feroarje.
Om besmettingsgefaar yn de kombinearre lokaasjes foar te kommen, wurdt de dei yn twa parten opdield: yn de moarntiid wurde testen ôfnommen en middeis wurde faksinaasjes útfierd.

Testlokaasjes ticht

It betsjut dat de lokaasjes yn Easterwâlde, Kollum, Harns en Sondel, dêr't allinnich test waard, slute sille. Dat bart freed al. De lokaasjes yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Snits en Dokkum wurde omboud ta in kombinearre test- en faksinaasjelokaasje.
Takom wike kin eltsenien fan 12 jier en âlder sûnder ôfspraak terjochte foar in boosterprik by pop-uplokaasjes yn Drachten, Bakkefean, De Lemmer en Nijemardum.