De toan fan Nelleke IJssennagger: "Meartalich"
""De wrâld is der al", mei dizze moaie wurden naam prof. Joana Duarte dizze wike, twa jier nei de start, har bysûndere learstoel Wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis oan de UvA fanwegen Stichting Nuffic oan.
It wie in meartalich feest, mei wurden yn it Nederlânsk, Portugeesk, Ingelsk en fansels Frysk. De seal siet fol mei wrâldboargers en wrâldboargers yn wurding, mei in prachtich Frysk rantsje. Want in part fan Fryslân wie útrûn om prof. Duarte te lokwinskjen.
Duarte wiisde op allegearre aspekten fan wrâldboargerskip, dêr't it ynklúzje rekket, hoe't it yn it ûnderwiis in plak fertsjinnet en wat de Unesco-definysje fan wrâldboargerskip as ferbûnens tusken regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal betsjut.
Mar, se joech ek stof ta neitinken oer ús eigen gewoanten. Sa wiisde se op it ferskil tusken nei bûten rjochte wrâldboargerskip, koartsein as wy de wrâld yngean, en nei binnen rjochte wrâldboargerskip, as wy de wrâld nei ús ta helje en it talige en kultureel ferskaat binnen ús netwurk besjogge.
Op de buorrel nei ôfrin, wisten de Friezen en de noarderlingen inoar al gau te finen. Sa giet dat ommers. Om my hinne seach ik in protte deselde minsken as ik in dei earder sjoen hie op in oar meartalich feest: de meartaligens netwurkbuorrel dy't troch de Nederlânske ambassade yn Italië organisearre waard.
Yn it Ingelsk, Nederlânsk, Frysk, Italiaansk en Friûlysk, waard der oer in gleske wyn yn de foyer fan Tryater praat oer ûnderfiningen en oer takomstige gearwurking. Wittenskippers, teätermakkers, ûnderwiisspesjalisten, folksfertsjintwurdigers, amtners en ambassadepersoniel, elkenien prate mei elkoar oer meartaligens en it belang fan minderheidstalen.
Soe dit de ynternasjonale ferbûnens wêze, dêr't Duarte op doelde mei it wrâldboargerskip yn de Unesco-definysje?
Yn 'e rige om de professor te lokwinskjen hear ik ien gekjeiend freegjen: "En, sjochsto wrâldboargers?" "Ik sjoch leaver hamburgers", is it flauwe antwurd, wylst de buorrelplanke mei wraps en stikjes tsiis delkomt. Ja, iten ferbynt altyd, tink ik by mysels. Ik sjoch de hapkes fan de netwurkbuorrel fan de dei derfoar ynienen wer foar my. Fansels wiene der stikjes pizza by de Italiaanske besite, mar ek stikjes sausizebroadsje en plakjes sûkerbôle. Foar elke smaak wat.
Ek it kulturele aspekt fan dy middei wie meartalich. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma droech op ymposante wize har gedicht Helden foar, dat dêrnei ek yn it Friûlysk, Sardynsk en Ladinysk opdroegen waard.
Gjin Fries dy't it ferstiet, mar de betsjutting ferstiet elkenien no't we de Fryske ferzje kinne en ús op de taal sels rjochtsje kinne. Sjochst dat elkenien goed harket, mar ek neitinkt oer hoe't de tematyk past by hjoed-de-dei en hoe't wy as Europeanen, as wrâldboargers, hjiroer tinke.
En sa wie der yn twa dagen genôch om oer te praten mei elkoar, yn ferskate talen, en om fierder oer nei te tinken of oan te wurkjen. Want netwurkjen is krekt wol wurkjen, liet Kingma sjen trochdat se gelyk útnûge waard om mei te dwaan oan in literêr festival op Sardinië en lieten oare oanwêzigen sjen trochdat der ferfolchpetearen ynpland binne om fan elkoar te learen. Leare troch inoars blik op 'e wrâld.
Meartaligens is in Frysk ferhaal, in Italiaansk ferhaal, in Europeesk ferhaal en miskien foaral in ferhaal fan wrâldboargers. Wrâldboargers lykas Joana Duarte, dy't sels talen learde om troch de eagen fan oaren nei de wrâld sjen te kinnen."