Programmeur Pieter de Boer nimt ôfskied fan Aaipop nei 35e edysje

Neffens tradysje fynt dizze twadde peaskedei it Aaipopfestival plak yn Nijlân. It is de 35e kear dat it Frysktalige muzykfestival hâlden wurdt. Pieter de Boer is njoggen jier programmeur by it festival, mar hâldt der nei dit jier mei op en draacht it stokje oer.
Pieter de Boer wennet en wurket yn Easterein en is in echte muzykleafhawwer. Sa kaam er ek yn de organisaasje fan Aaipop telâne.
Yn syn jonge jierren yn Easterein ûntduts De Boer al gau de leafde foar muzyk. Fia in skoalfreontsje kaam er yn oanrekking mei de muzyk fan de Nederlânske punkband Heideroosjes en it spruts him fuortendaliks oan. "Een skoalgenoat hie der in cd fan en doe bin ik op it fytske nei Boalsert stapt en ha ik sels in cd kocht."
De Boer wie faak te finen by optredens en festivals. Sa ek op it Aaipopfestival, dêr't allinnich Frysktalige bands stean. "De radio stie altyd op Omrop Fryslân, dus ik krige it altyd wol mei."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, jout presintator Willem de Vries omtinken oan de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live optredens jûn.
Njoggen jier lyn waard De Boer programmeur by Aaipop. It wie foar him in grutte eare om frege te wurden, omdat er al sûnt syn fjirtjinde op it festival kaam. Ek fynt er Frysktalichheid yn de muzyk tige wichtich. "De Fryske muzykkultuer en de Fryske muzyk moatte bestean bliuwe. Sa bliuwt de taal ek libben, want dêr striidt Aaipop ek foar."
Pieter de Boer yn petear mei Willem de Vries © Omrop Fryslân
No hâldt er op mei de programmearring fan it Aaipopfestival en draacht er it stokje oer oan Gosse-Pieter de Vries, dy't ek in soad ûnderfining hat yn de muzyk mei ûnder oare syn band NNB.

De Meesters

De Boer sil him no mear fokusje op it muzyk meitsjen mei de nije band De Meesters, dêr't ûnder oaren Jelle B. diel fan útmakket. Se spylje op 17 april yn De 2 Gemeenten yn Jirnsum.
Pieter de Boer oer muzyk en oer syn earste basgitaar

De kar fan Pieter de Boer:

Band Nûmer
Heideroosjes Fistful Of Ideals
Bruce Springsteen Born to Run
Sebeare Te folle foar dy
Iron Maiden From Here to Eternity
Foo Fighters Dear Rosemary