HEA! Ljouwerter band Le Mistral makket in trochstart

It hat de lêste jierren wat stiller west rûnom de Ljouwerter band Le Mistral. Nei it ferstjerren fan heit Frans Span ha mem Klafia en soan Christiaan in dreech jier hân. Mar Christiaan krige wer ynspiraasje om nije ferskes te skriuwen.
HEA! Ljouwerter band Le Mistral makket in trochstart
Harren earste optreden wie yn ferpleechhûs Bornia Herne yn Ljouwert yn 2002 en dat sloech tige oan. Dêrnei waarden de suksessen allinnich mar grutter en grutter. Folle sealen, publyk dat út de skroeven wie en de cd's wiene net oan te slepen.
It waard wat rêstiger rûnom Le Mistral, mar de muzyk hat altyd in grut plak yn naam by de famylje. Christiaan hat nei it ferstjerren fan syn heit wer ynspiraasje fûn om te skriuwen en se pakke mei syn beiden de muzikale tried wer op.