Oersetside 'Pryvit' ûntwikkele om prate te kinnen mei Oekraynske flechtlingen

Om taalbarriêres lytser te meitsjen, benammen foar flechtlingen út Oekraïne, hat it Ljouwerter softwarebedriuw AppMachine in tagonklik oersetprogramma ûntwikkele. It programma hjit Pryvit, wat Oekraynsk is foar 'hoi, hoe giet it'. De webside set live sprutsen taal oer tusken it Nederlânsk, it Oekraynsk en it Ingelsk.
Sa sjocht Pryv.it derút © Omrop Fryslân
Neffens Siebrand Dijkstra, direkteur fan AppMachine, wie de taalbarriêre tusken harren en de flechtlingen út Oekraïne dy't se opfongen. Lange tiid hawwe se gearwurke mei in ôfdieling fan it bedriuw yn Oekraïne en doe't de oarloch útbruts hiene se fuort kontakt oer mooglike manieren om te helpen.
"Twa wiken letter bellen se: "Myn dochter, myn eks, har skoansus, in berntsje hawwe we oer de grins krigen, soenen jim ús helpe wolle?" Se sizze wolris, sizze is ien, mar dwaan is in ding: dat wurdt wol even in dinkje, dus we hawwe se hjir hinne helle", fertelt Dijkstra. Sa bouden se in skiphok yn Grou om ta in húske dêr't de froulju wenje koene: in echte "womancave".
"De ien praat in lyts bytsje Ingelsk, hast net te ferstean, de oaren hielendal net. Dus om mei se te praten, woenen we in app dellade, mar dy wie der eins net. Dus wy moasten in oplossing fersinne", sa fertelt Dijkstra.

Webside

Trochdat it bedriuw in soad ûnderfining hat mei it ûntwikkeljen fan software op grutte skaal, slagge it se om it programma rap te ûntwikkeljen troch gebrûk te meitsjen fan spraak-nei-tekst-, tekst-nei-spraak- en oersettechniken. Dêrneist hawwe se derfoar keazen om der in webside fan te meitsjen yn stee fan in app, sadat it makliker yn gebrûk is en tagonkliker foar eltsenien. It programma is hielendal fergees en wurdt faaks noch útwreide mei mear talen neist Nederlânsk, Oekraynsk en Ingelsk.
Direkteur Siebrand Dijkstra oer de oersetside