Fries yn Lviv: "We hawwe mear organisatoaryske problemen as oarlochsswierrichheden"

De eksport út Oekraïne wei leit sawat folslein stil no't de havens yn it lân hast net mear brûkt wurde kinne. Dat fernimt ek Fries yn Lviv Willem Nammensma.
Willem Nammensma yn Lviv © Eigen foto
Nammensma is dochs gewoan dwaande mei it fjildwurk op it lânboubedriuw yn Lviv dêr't er foar wurket.

"Moai waar derby"

"We hawwe der de lêste dagen moai waar by. Wol kâld nachts, sa no en dan noch wol -1, -2. Fierder rint it nei behearen", seit Nammensma. Neffens him hat it bedriuw mear lêst fan organisatoaryske problemen en de masines as fan de oarloch.
Dochs driigje de gefolgen fan de oarloch foar de eksport ek foar it bedriuw fan Nammensma in probleem te wurden. "Gewoanwei eksportearret Oekraïne 5 miljoen ton nôt de moanne oer de see. No't de havens net mear brûkt wurde kinne, wurdt de eksport folle dreger."

Oer it spoar

"As Oekraïne gjin eksportmooglikheden hat, dan hat dat direkte gefolgen foar de risping dy't wy noch yn de silo's hawwe en foar de risping dy't oer trije, fjouwer moanne begjint", stelt Nammensma.
Dêrom wurdt der no wurke oan in plan om it guod fia it spoar Europa yn te krijen. Dochs kin dat neffens Nammensma net alle skea foarkomme. "It kin net de hiele havenynfrastruktuer ferfange. De 5 miljoen ton stiet yn gjin ferhâlding mei de 600.000 dy't oer it spoar ferfierd wurde kin."
Willem Nammensma út Lviv wei