Tolk Fedde Dijkstra: "Taryfsferheging rjochtbanktolken yn wêzen ferleging"

De minimumtariven foar tolken dy't foar de oerheid wurkje gean omheech fan 44 euro nei 55 euro. In sigaar út eigen doaze, seit de Fryske rjochtbanktolk Fedde Dijkstra.
Tolk Fedde Dijkstra © ANP
Dijkstra fiert al langere tiid aksje foar hegere tariven. Foar himsels wurdt it yn de nije situaasje yn de measte gefallen net better. Hy giet der kwa fergoeding op achterút.
Foar IND-tolken en de taptolken, dy't ôfharke petearen oersette, is it wol in aardige opstekker, sa seit Dijkstra. "Mar foar de rjochtbanktolken betsjutte dizze nije maatregels in ferleging fan 35 prosint foar de measte sittingen."
Hoe kin dat? Dijkstra leit út: de minister hat de foarrydkosten fan 20 euro derôf helle. It oeretaryf giet dan wol mei 11 euro omheech, mar de measte sittingen duorje net langer as in heal oere. Yn sokke gefallen krije se ek mar de helte betelle. De helte fan it nije oeretaryf fan 55 euro is 27,50. Dat is minder as de goed 42 euro dy't se no noch krije.
It kin net sa wêze dat de minister docht as krije we in ferheging, wylst dat yn de praktyk in ferleging is.
Rjochtbanktolk Fedde Dijkstra
Dijkstra-en-dy beriede harren op fierdere aksjes. "Dit moat oars. It kin net sa wêze dat de minister docht as krije we in ferheging, wylst dat yn de praktyk in ferleging is. Se moat ús net earst wat ôfnimme en dan der in lyts bytsje wer by jaan, sadat it totaal dochs noch leger útkomt as it wie."
Dijkstra hat ferline wike noch mei de minister oerlein oer de problemen mei de te lege tariven. "Se hat doe wol it wurd 'foarrydkosten' yn de mûle naam. Mar ik freegje my ôf oft se dêr wol oer neitocht hat. Oft se wol yn de gaten hat wat dit foar de measten betsjut."
Fedde Dijkstra
It kearpunt sit him yn twa oeren wurk. Pas dan wurde de fertsjinsten heger, seit Dijkstra: 1 euro derby. Dat is it sizzen: bruto. Allinnich by hiel grutte saken dêr't in soad oeren yn sitte, binne de fertsjinsten heger. De measte saken duorje net langer as in heal oere.

Unfrede

De bedraggen binne al jierren in punt fan diskusje en ûnder tolken wie der in soad ûnfrede oer dat de tariven lang net yndeksearre binne. Om dêr wat oan te dwaan is it fêste taryf yn 2020 oanpast nei in minimumtaryf. It idee wie dat tolken deroer ûnderhannelje kinne soenen.
Mar dat ûnderhanneljen wurket yn de praktyk net. Yn in brief oan de Twadde Keamer erkent Yesilgöz dat it foar organisaasjes dy't streekrjocht tolken ynhiere, lykas it Iepenbier Ministearje, ûnmooglik is om mei yndividuele tolken te ûnderhanneljen.
Dêrtroch krije tolken dy't foar har wurkje foarearst noch it âlde, fêste taryf. In tal tolken wegeret dêrom foar de oerheid te wurkjen en de minister skriuwt dat de útfierende tsjinsten dêr lêst fan hawwe.

"Ienmalige fikse ferheging"

Yesilgöz erkent fierder dat foar tolken no "geen solide positie" garandearre wurde kin. Se hat dêrom besletten ta in "eenmalige forse verhoging" fan it minimumtaryf. Wannear't dy yngiet, is noch net dúdlik. De minister tinkt oan uterlik 1 jannewaris takom jier.