Tytsjerkster skoalbern ynterviewe tsjûgen fan de Twadde Wrâldoarloch

De bern fan groep 7 en 8 fan OS De Romte yn Tytsjerk ûntdekke wat der yn de Twadde Wrâldoarloch yn harren doarp en omjouwing bard is. Se hawwe oarlochstsjûgen ynterviewd en ûndersyk dien.
Skoalbern hawwe ferhalen ophelle fan de Twadde Wrâldoarloch:
Se dogge mei oan it lanlike projekt 'Oorlog in mijn Buurt'.

Ferhalen neifertelle

Dêrby stiet it trochfertellen fan ferhalen troch skoalbern sintraal, seit projektlieder Froukje Dijkstra fan Oorlog in mijn Buurt foar Tytsjerk. "De bern kinne har opjaan as erfgoeddrager. Dan wurde se huldige en dan kinne se bygelyks by betinkingen op 4 maaie fragminten fan de ferhalen neifertelle."
Skoalbern presintearje resultaten fan ynterviews mei oarlochstsjûgen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De skoalbern hawwe gastlessen krigen fan buertgenoaten dy't de oarloch meimakke hawwe. Boppedat krigen se les yn it ynterviewen, sadat se fragen stelle koenen oan de tsjûgen, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch sa'n bytsje like âld wienen as fan de bern no.
'Oorlog in mijn Buurt' is in inisjatyf fan professionals út Amsterdam, dy't harren kunde trochjaan wolle oan bern en âlderen ferbine wolle oan ûnderwiis op de basisskoallen.
Woansdei wie de ôfsluting fan it programma yn Tytsjerk yn doarpshûs Yn 'e Mande. De ferhalen komme op de webside inmijnbuurt.org te stean mei foto's.
Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei projektlieder Froukje Dijkstra