Brânwacht hellet ree nei swimtocht yn Ljouwert út it wetter

De brânwacht fan Ljouwert hat woansdeitemoarn in ree op it drûge holpen. It bist waard twa kear swimmend sjoen: yn de Dokkumer Ie en de Bonkefeart.
De ree siet ûnder in skipshûs © Kappers Media
As earste kaam der in melding út de stedswyk Bilgaard. Der soe in ree yn Dokkumer Ie swimme. Doe't de brânwacht dêr oankaam, wie er al út it wetter.
Goed in oere letter swom it dier al wer, no yn de Bonkefeart by de Frijheidswyk. Dêr kaam er fêst te sitten by in skipshûs by de strjitte de Pilotenespel.
De brânwacht hat it dier befrijd en út it wetter weihelle. De ree is oerdroegen oan meiwurkers fan de biste-ambulânse.