Dichter fan Fryslân útnûge foar literêr festival op Sardinië

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma is útnûge foar in literêr festival op Sardinië. Dat hearde se tiisdeitejûn by in besite fan in delegaasje fan Italiaanske taalminderheden oan Fryslân.
Sigrid Kingma © Omrop Fryslân
De fertsjintwurdigers fan trije taalminderheden út Italië wurde dizze wike ûnderdompele yn de Fryske kultuer. Se binne hjir op útnûging fan de Nederlânske ambassade yn Rome. Moandei wiene se by Omrop Fryslân en tiisdei by teäterselskip Tryater yn Ljouwert.
It fers 'Helden' fan Kingma wie foar de besite oerset yn de minderheidstalen Sardysk, Friûlysk en Ladinysk. Dy ferskate ferzjes waarden foardroegen yn it Tryatergebou. Foar Kingma kaam dat ek as in ferrassing: "It wie moai. De Ladinyske oersetting koe ik aardich goed folgje."
Festivalorganisator Tore Cubeddu fan Sardinië wie sa ûnder de yndruk fan Kingma har tekst en foardracht dat er har spontaan nûge om yn septimber nei Sardinië te kommen foar in literêr festival.
De Friûliërs, Sarden en Ladiniërs binne hjir om ynspiraasje op te dwaan oan de hân fan hoe't dingen yn de Fryske kultuer regele binne. De Fryske minderheid yn Nederlân hat de foarsjenningen aardich foarinoar, fine se.
De delegaasje wie ek by Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
De leden fan de delegaasje wolle ek sjen oft der mooglik in gearwurking yn sit mei Fryske organisaasjes lykas de Afûk, Omrop Fryslân of Tryater.
Ien fan de gasten is de artistyk direkteur Massimo Somaglino fan in jong Friûlysk teäterselskip. Yn Friûlië libbet it amateurtoaniel bot. Syn doel is om dat te profesjonalisearjen. Hy har wol earen nei gearwurking mei Tryater of Pier21. Sa kinne bygelyks stikken útwiksele wurde.
Syn yndruk is dat it kultuerbelied yn Fryslân better regele is as yn Italië. Der is mear stipe foar de struktuer fan kulturele ynstellingen. Dat soe er yn syn eigen lân ek graach sa hawwe wolle. Yn Italië is der wol stipe foar kulturele aktiviteiten, mar dy is faak ynsidinteel, wêrtroch festivals en selskippen elts jier op 'e nij ôfwachtsje moatte hoefolle jild se krije.
Ferslachjouwer Onno Falkena is derby
It selskip is woansdei by de repetysje fan it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum. Se gean ek nei de foarstelling 'Wat Soesto' fan Pier21 yn Frjentsjer.