It ferhaal fan 'de betize man' op it dak: "Ik was bang dat ze mij wilden vermoorden"

Wat hat derfoar soarge dat de 27-jierrige Ljouwerter ferline jier neaken op de fleanbasis rûn en op it dak fan in gebou stie mei in sabeare wapen? Dat wie tiisdei de fraach yn de ynhâldlike behanneling fan syn saak.
© Compact Media
It ferhaal fan de fertochte op dy tongersdei 7 oktober begûn mei it stellen fan aluminiumfoly. "Nu schaam ik me ervoor. Ik was volledig paranoia. Om gedachtes en 5G af te weren wilde ik aluminiumfolie hebben", ferklearret er. De rjochter freget oft er dit net betelje koe. "Daar dacht ik niet aan."
Doe't er de plysje seach, is hy hurd fuortrûn en is er in dak opklommen. "Ik vreesde voor mijn leven en was bang dat ze mij wilden vermoorden. Ik had een gevoel van dreiging. Ik ben op het dak geklommen, omdat ik ineens kans zag om weg te komen en er mogelijk van af te springen." De rjochter freget wat him tsjinhâlde. "De zin om te leven."
De 'betize' man:
Yn in ferklearring fan stedswachten waard dúdlik hoe driigjend de situaasje oerkaam, op it momint dat de fertochte mei in rjochte earm syn fjoerwapen op de holle fan de hanthavening rjochte.

In baltsjepistoal

Letter waard pas dúdlik dat it net om in echt wapen gong, mar om in baltsjepistoal dat de fertochte kocht hie yn Frankryk doe't hy dêr op fakânsje wie.
Hy soe skolden ha en drige ha om de hanthavening del te sjitten, mar dêr is de fertochte it net mei iens. "Dit is het enige waarvan ik van zeg: dit klopt niet. Ik heb vast iets geroepen wat niet vriendelijk was."
© Camjo Media
De fertochte is úteinlik fan it dak sprongen, wêrnei't er tasere en meinaam waard.
Dúdlik is: de fertochte seach oeral drigingen, fandêr syn hannelingen, seit er. Hy begrypt hoe't de situaasje wie foar de hanthaveners. "Veel spijt dat ik zoveel mensen bang heb gemaakt", seit er.
Dit wie net de earste kear dat de fertochte yn oanrekking kaam mei de plysje. Yn juny ferline jier waard hy ek oppakt, doe't hy in legerauto fernielde op de fleanbasis yn Ljouwert.
Ik dacht: er zit een groep achter me aan en ben gaan vluchten.
De 27-jierrige fertochte foar de rjochtbank
"Ik weet dat ik bij mijn broer op bezoek was en een trek van een jointje nam. Ineens hoorde ik stemmen in mijn hoofd. Dit was de eerste keer in mijn leven dat dit gebeurde. Ik dacht: er zit een groep achter me aan en ben gaan vluchten", fertelt de fertochte.
Hy wie sa betize dat hy in sleat yndûkt is en dêr in oere sitten hat. "Toen het donker werd, ben ik gaan rennen door de weilanden en heb een overall gestolen uit een boerderij. Ik zag lampjes knipperen en dacht: daar moet ik zijn."

"Heb vaak om hulp geroepen, maar niemand hoorde me"

De ljochtsjes kamen fan de fleanbasis, mar dat hie de fertochte earst net yn de gedachten, fertelt er. "Toen ik daar aankwam, heb ik de kletsnatte overall uitgedaan en gooide ik mezelf over het prikkeldraad heen."
Het leek alsof er niemand was.
De fertochte
"Ik heb geen bewaking gezien. Ik ben gaan lopen en heb vaak om hulp geroepen, maar niemand hoorde me. Het leek alsof er niemand was." Nei in minút as tsien kaam de fertochte in garaazje tsjin dêr't de doar iepen wie. Hy wie op syk nei klean, mar fûn in legerauto dêr't de kaaien noch yn sieten.

Dwers troch in garaazjedoar

"Ik ben gaan rijden. Ik heb gekeken of ik de deur kon openen. Toen dat niet lukte ben ik er dwars doorheen gereden. Ik ben het terrein over gereden en zag nog wat legerauto's staan en heb gekeken of daar kleding in lag. Maar ook daar was niks."
Doe seach hy dan einlik ien stean by de yngong fan in oare garaazje. "Het was een bewaker, de eerste persoon die ik zag. Ik ben daar gestopt en heb gezegd dat hij de politie moest bellen. Hij had geen idee wat er aan de hand was en toen trok hij zijn pistool en ben ik gearresteerd."

Psychologysk ûndersyk

Nei oanlieding fan de ynsidinten is in ûndersyk dien nei de psychyske tastân fan de fertochte.
De rjochter seit dat út de rapporten nei foaren komt dat der sprake is fan in jierrenlange ferslaving oan alkohol en kannabis dy't laat hat ta psygoatyske bylden. De fertochte is it dêr net mei iens: "Ik ben het er niet mee eens dat ik verslaafd ben. Psychotische trekken ben ik het wel mee eens."
Dochs wie de fertochte foar de yndisinten krekt oanmeld by Verslavingszorg Noord-Nederland. "Ik heb één keer een gesprek gehad en nu zit ik hier. Een tweede is er niet van gekomen."
De rjochter fynt it frjemd dat hy dochs in joint opstuts, wylst hy de gefaren hjir ek wol fan wit. "Voorafgaand aan de vliegbasis wist ik niet dat dat zulke gevolgen had", seit de fertochte.

Foar in part tarekkenber

Ek stiet yn de rapporten dat de fertochte net oars koe fanwegen de psygoaze, mar dat hy wol foar in part tarekkenber is. Hy hat derfoar keazen om in joint te nimmen, wylst hy op 'e hichte wie fan de gefolgen.
Ik ben zelf geschrokken van wat er is gebeurd.
De fertochte
Der wurdt oanret dat der in behanneling folget. Oars bliuwt de psychyske kwetsberheid en ferslavingsgefoelichheid oanwêzich, mei as gefolch dat der wer in nij delikt plakfine kin.
De fertochte is it dêr net mei iens. "Ik ben zelf geschrokken van wat er is gebeurd en zit nu een half jaar in de gevangenis. Dat heeft me doen nadenken. Ik wil geen gekke dingen meer doen, dus ik wil van het blowen afblijven."

Ien jier opname by GGZ

Tiisdei hat it Iepenbier Ministearje easke dat hy in jier opnaam wurdt by de GGZ en seis moanne sel ûnder betingst krijt. Neist de opname easket it IM dat de selstraf in proeftiid fan trije jier hat en dat de fertochte in skeafergoeding fan mear as 30.000 euro oan de fleanbasis yn Ljouwert betelje moat.
Op 26 april is de útspraak.