Rop om protokol foar sinnepanielskea: "Ik ha flink oan de beam skodde"

No't der hieltyd mear bedriuwen en pleatsen mei sinnepanielen komme, moat der ek gau in protokol komme foar kalamiteiten mei sinnepanielen. Dat stiet yn it jierferslach fan de Fryske miljeutsjinst FUMO.
© Shutterstock.com (chinasong)
Dy oprop docht de FUMO net samar. Yn maaie ferline jier rekken lytse stikjes sinnepanielen troch in grutte brân by Noardburgum oer in grut gebiet ferspraat. Op it dak leinen 16.000 sinnepanielen.
Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel kaam der doe achter dat der hielendal gjin protokol wie, dat foarskriuwt wat oerheden en helptsjinsten dwaan moatte by sa'n kalamiteit. Dat wie knap lestich foar de FUMO en de gemeente Tytsjerksteradiel.
"By dy brân binne stikjes sinnepaniel wol tsien kilometer fierderop delslein", seit boargemaster Gebben. "We moasten útfine hoe't we dêrmei omgean moasten. It wie de tiid fan de earste sneed, dus it hie ek gefolgen foar boeren yn de omkriten. We ha der lang mei dwaande west om saken út te sykjen."

Oan de beam skodzje yn Den Haag

It wie net dúdlik wa't wat dwaan en regelje moast. "As yndividuele gemeente kinne we net folle, it moat lanlik regele wurde. Ik ha flink oan de beam skodde yn Den Haag en sels mei de minister praat dat soks better regele wurde moat."
Boargemaster Jeroen Gebben
Yn it rapport fan de FUMO stiet wol in hannelingsplan, mar dat is noch gjin protokol. "It is wol in oanset, mar it kabinet moat in 'handreiking' opstelle, foar fersekerders, helptsjinsten en minsken mei skea."

Burokrasy

Weromsjend tinkt Gebben dat se it by de brân yn Noardburgum reedlik goed oanpakt ha. "Dy ûnderfining wolle we diele en dêrom is it protokol nedich."
Dat dat in jier nei de brân noch net regele is, hat neffens Gebben te krijen mei burokrasy. "It kabinet stelt in ûndersyk yn en dat moat mei rapporten ûnderboud wurde. Dêr is tiid foar nedich en allerhanne partijen moatte deroer meiprate. Dus it duorret lang, mar ik ha leaver dat it goed bart, as dat se op in neimiddei in kladsje meitsje."