De toan fan Froukje Sijtsma: "De ferhalen lizze op strjitte"
"Geregeld krij ik de fraach wêr't ik alle wiken wer ynspiraasje weihelje foar myn kollums. Of wêr't al dy prachtige minsken weikomme dy't myn kollega's en ik foar it programma HEA! folgje. Fansels krije wy in soad tips tastjoerd fan minsken út de provinsje, mar in soad ferhalen lizze gewoan op strjitte.
Sjoch mar ris om dy hinne yn dyn eigen omjouwing. Of fernuverje dy ast yn nije omkriten bist. Wat falt dy op? Wat sjochst, hearst, rûkst, priuwst of fielst? Wat fynst dêrfan, wat docht it mei dy en wat soest der mear fan witte wolle?
Ofrûne freed wenne ik in kongres by oer de skiednis en takomst fan de nijskultuer yn Fryslân. Der wienen lêzingen oer hoe't haadredakteuren besykje alle ynwenners fan Fryslân te berikken en hoe't it Frysk dêr bytiden in flok en in seine yn is. Ek waard praat oer hoe't minsken hjoed-de-dei it nijs folgje.
Sa blykt út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins dat jongeren hiel oars nijs ta harren nimme as de generaasjes fan harren âlden en pakes en beppes. Lei der in pear desennia lyn oeral ien of mear kranten op tafel en waard op fêste tiden de radio of telefyzje oanset op Omrop Fryslân of it NOS-sjoernaal, tsjintwurdich hawwe minsken folle mear ferlet fan news on demand: nijs folgje wannear't it harren útkomt. Filmkes of artikels besjen dy't se fingerfeiend op harren mobyltsje tsjinkomme of dy't se fia freone- of famylje-apps trochstjoerd krije.
Sels sit ik der wat tuskenyn. Ik folgje nijs fia radio en tv, mar skarrelje likegoed online artikelen, dokumintêres en podcasts by inoar. Op it kongres waard dúdlik dat minsken net útpraat reitsje oer de sjoernalistyk. Want der is in soad te dwaan om myn fakgebiet. Yn hoefierre feroarje ús rol en betsjutting as media? Hoe gean je om mei de útdagings fan nepnijs? Hoe soargest foar in goed winstmodel no't minsken eins net mear betelje wolle foar nijs? Hoe kinne je as kommersjele kranten de konkurrinsje oangean mei troch de oerheid subsidearre omroppen? Hoe bliuwe je yn dizze tiid fan digitalisearring as nijsmedium relevant?
It gefoel dat by my nei dit kongres oerhearsket -los fan alle útdagingen yn de sjoernalistyk- is de enoarm grutte leafde foar myn wurk: wat haw ik in machtich fak. Hoe geweldich is it as je alle dagen fragen stelle kinne oan ûnbekende minsken? Dat je je ferdjipje meie yn in útinoarrinnende ûnderwerpen en sa ek sels alle dagen wer leare? Hoe geweldich is as je moarns by it brochje faak noch net witte wat je dy deis allegear tsjinkomme sille?
Mar it moaie oan ús fak is ek dat je de frijheid hawwe om nije foarmen te betinken om ferhalen te fertellen, lykas de jonge antropologe en sjoernalist Anne-Goaitske Breteler út Moddergat docht. Op it kongres fertelde sy hoe't sy mei help fan nije media ferhalen fertelt fan froeger. Sa skreau se in boek oer de walfiskfeart, sette se dêrnei foar in museum in nijsgjirrige tentoanstelling del en makke se -mei aktrise Anna Drijver- de podcast 'Tranenjagers', dy't dizze wike útkomt. Sa betsjinnet se meardere doelgroepen mei ferskillende ferhalefoarmen, mar it boadskip komt oer en dêr giet it om.
In útdaging foar de sjoernalistyk is dus om mei te gean mei de tiid, want ek mei help fan TikTok of grappige Fryske memes, dy't Omrop Fryslân bygelyks graach makket, kinst derfoar soargje dat minsken witte wat der yn de wrâld allegear spilet. De sjoernalistyk yn Fryslân hat bot ferlet fan minsken dy't dizze ferhalen fertelle wolle, dy't har graach fernuverje, dy't ûndersyk dwaan wolle, dy't relevante en djipgeande ferhalen tagonklik meitsje kinne foar eltsenien. En it moaie is: al dy ferhalen kinst allegear sels betinke. Sjoch gewoan ris om dy hinne en freegje dy ris ôf watst dêr mear fan witte wolst.
Sa rekke ik dit wykein mei útinoarrinnende minsken oan de praat. Gewoan troch harren oan te sprekken. En sa siet ik ynienen by in Eritreeske kapster yn de knipstoel en learde ik oer har lân en kultuer. En in pear oerkes letter bedarren myn suske en ik op it terras mei in groep fan 15 manlju. Hoe? Troch de 34-jierrige Age út Reduzum, in kreas jongfeint yn rôze overal en hawaislinger om 'e nekke, oan te sprekken en te freegjen nei syn troudei. Foar't we it wisten, sieten we mei him en syn maten oan in bierke en fregen se: hoe komme jim no altyd oan al dy ferhalen by HEA? No, ûnder oaren troch gewoan op minsken ôf te stappen en te freegjen wa't se binne, wat harren driuwt yn it libben, wêr't se waarm fan wurde.
En ek ast net sjoernalist wurde wolst, kin ik dy absolút oanriede om ris in petear te begjinnen mei in folslein ûnbekend persoan mei miskien wol hiele oare opfettings oer it libben as dy. Mar besykje it mar ris, en ik bin benijd mei wa'tsto op it terras bedarrest en mei watfoar geweldige ferhalen oftst allegear thúskomst."