Omrop Fryslân wint Europeeske priis mei vlog-detective 'Jennifer Stript'

De transmediale vlog-detective 'Jennifer Stript' hat de Digital Media Circom Award wûn. De sjuery wie foaral ûnder de yndruk fan it gebrûk fan ferskillende sosjale media yn kombinaasje mei in spannende fertelfoarm.
Circom is de Europeeske feriening fan regionale omroppen. Yn totaal binne 209 stasjons oansletten by de organisaasje. Sûnt 1990 rikt Circom jierliks yn tsien ferskillende kategoryen Awards út foar de bêste produksjes makke troch regionale omroppen.
'Jennifer Stript' is ûntwikkele troch Halbe Piter Claus, regisseur en programmamakker by Omrop Fryslân, as ûnderdiel fan in breder sûnens- en lêsbefoarderingsprojekt. By de YouTube-searje heart ek it Frysktalige boek Skuldich. Alle bern út de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis ha dit krigen.
Programmamakker Halbe-Piter Claus is út de skroeven mei de priis:

Grutte ferrassing

"It wie in grutte ferrassing, want it is in grutte priis", seit programmamakker en regisseur Halbe Piter Claus. "Ik bin der hiel bliid mei." De priis bestiet út in Award en in reiske nei Ierlân om de priis op te heljen. "Se binne benijd hoe't we it makke hawwe, dus dêrom sil ik in workshop jaan om sjen te litten hoe't we it draaid hawwe."
Claus neamt it sjenre infotainment. "We wolle in aktueel maatskiplik relevant ferhaal yn it Frysk fertelle. En sjogge hoe't we de doelgroep fan jongeren tusken 12-15 jier berikke kinne."

Gearwurking

Yn it projekt wurkje ferskate partijen gear, lykas de GGD, Lêsno en Leeswaar, dy't elkoar oanfolje. "De GGD sit der by omdat it ek giet oer sexting en stress en burn-out. En oaren wolle wer graach it lêzen befoarderje en dêrom is der ek in boek skreaun."
Dit is eins al de fjirde Jennifer-searje. Earder makken se 'Jennifer to the Max'. "Wat der no komt? Dat wit ik net. De tredde searje lei klear om te draaien mar koe net trochgean fanwegen corona. Dy leit dus noch op de planke. It soe moai wêze as we dy meitsje kinne."
Jennifer Stript fertelt it ferhaal fan in jonge frou, Jennifer de Vries, dy't in populêr moade-influencer op YouTube is. Har suksesferhaal feroaret yn in nachtmerje as in hacker har mei neakenbylden begjint te sjantearjen. Jennifer wurdt twongen opdrachten út te fieren en komt der sa achter dat de moade-yndustry him skuldich makket oan grutskalich útrûpeljen fan arbeiders en slimme miljeufersmoarging.

Bewust wurde

Laura Oosterloo spilet de rol fan Jennifer. Se is fansels hiel wiis mei de priis. "Ja, ik krij allegear reaksjes, felisitaasjes en appkes. Net elk wit dat ik de rol spylje. Ik tink dat de doelgroep tinkt dat ik Jennifer bin."
Troch it ferhaal hat se harsels ek ferdjippe yn it ûnderwerp. "Ik bin der wol fan skrokken hoe't dat giet yn de kleanyndustry. Dat minsken net goed betelle wurde en yn minne omstannichheden wurkje. Dêr stiest net by stil ast klean keapest. Ik bin my der no hiel bewust fan wurden."
Se hopet mei it programma foar learlingen fan de middelbere skoalle mear bewustwurding by de doelgroep te kreëarjen.
'Jennifer Stript' is ta stân kaam troch in gearwurking tusken Omrop Fryslân, GGD Fryslân, Lêsno en Leeswaar.

Earfolle fermelding

It pjutteprogramma 'Dûnsje mei Tomke', makke troch Feije van der Meer, krijt yn de kategory Music and Arts in earfolle fermelding by de Circom Awards.
De priisútrikking fan de Circom Awards is 26 maaie yn it Ierske Galway.
Programmamakker Feije van der Meer en dûnsjuf Willy van Assen oer Dûnsje mei Tomke