Kantoar bûtendoar makket kreativer; Merk Fryslân set yn op 'túnkantoaren'

Bûtendoar fergaderje soe neffens toerisme-organisaasje Merk Fryslân in nije lûker foar ús provinsje wurde kinne. Bedriuwen dy't net yn in seal, mar yn de bûtenloft har byienkomsten hâlde. By Merk Fryslân ha se sels ek 'túnkantoar'.
© ANP
"Als team willen we meer buiten werken. Dat kunnen we thuis doen, op openbare plekken, maar nu dus ook in ons eigen tuinkantoor", seit Karina Pool fan Merk Fryslân. It binnenplak is omtovere ta in plak mei meardere wurkplakken. "Je gaat er niet elke dag van 9 tot 17 zitten, maar wel voor een overleg of een telefoongesprek. Het is een extra werkplek en lekker buiten."

Kreativer yn de bûtenloft

It team is ferline jier begûn mei mear bûten te wurkjen en der binne meardere foardielen. "Je hebt meer frisse lucht en geniet van de omgeving en dat maakt dat je creatiever bent, dat is bewezen. Je hersenen werken beter. Juist na deze coronaperiode waarin we veel binnen zaten, willen we ons zelf aanmoedigen om meer naar buiten te gaan."

Ek op oare plakken

Merk Fryslân hat no syn eigen lytse túnkantoar om yn te wurkjen, mar sjocht ek mooglikheden foar de provinsje. "Mensen komen hier in de vakantie voor de rust en de ruimte, maar dat kan natuurlijk ook heel goed voor de zakelijke gast. Je kunt ook buiten vergaderen. Daar kunnen we ons zeker mee onderscheiden." Merk Fryslân sil mei in kampanje mear bekendheid jaan oan dit fenomeen.
Karina Pool fan Merk Fryslân