Viaplay makket searje oer moard op Marianne Vaatstra: 'De Jacht op Jasper S.'

Streamingstsjinst Viaplay is dwaande mei in searje oer de moard op Marianne Vaatstra. 'De Jacht op Jasper S.' wurdt ien fan de earste Nederlânske produksjes op de tsjinst.
Marianne Vaatstra © Omrop Fryslân
De 16-jierrige Vaatstra fan De Westereen waard op 1 maaie 1999 ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster. Se wie doe op har fyts ûnderweis fan Kollum nei har âlderlik hûs yn De Westereen.
Pas yn novimber 2012 waard Jasper S. fan Aldwâld nei grut DNA-ûndersyk arrestearre foar de moard. Yn 2013 waard er feroardiele ta in finzenisstraf fan achttjin jier.

Skandinavysk drama

Willem Bosch is de útfierend produsint. Hy wurke earder ûnder mear oan de dramasearjes Van God Los, Penoza en Nieuwe buren.
"Al meer dan 10 jaar doe ik onderzoek naar het idee om van de zoektocht naar Jasper S. een serie te maken", seit Bosch. Neffens him past it ferhaal fan Vaatstra goed yn it sjenre fan Skandinavyske misdiedsearjes. Viaplay komt oarspronlik út Sweden. "Dus er is geen betere partner dan Viaplay. Dit is een samenwerking waar ik erg naar uitkijk."
It is noch net bekend wannear't de searje útkomme sil. De akteurs binne ek noch net bekend.