Resinsje Beauty and the Beast: in MUZT foar each en ear

Trije moanne repetysje hie artistyk lieder Iréne Martin fan MUZT nedich om Beauty and the Beast op it poadium te krijen. De learlingen fan de Snitser musicaloplieding bringe de foarstelling.
Biesebeek beskôget 'Beauty and the Beast' © Omrop Fryslân
It wie al jierren de winsk fan artistyk lieder Iréne Martin fan MUZT om de ferneamde musical Beauty and the Beast op de planken te bringen. In grutte foarstelling, dêr't alle 64 learlingen fan de fjouwerjierrige musicaloplieding fan keunstesintrum Atrium yn Snits oan meidwaan kinne.

Djoer

In djoere foarstelling ek. Allinnich al foar de rjochten fan de Disney-produksje moast 3000 euro betelle wurde. En dan noch alle dekôrs en útwrydske kostúms. Der moasten wol hiel wat útferkochte sealen foaroer stean om út de kosten te kommen. Iréne Martin koe der nachten net fan sliepe.

Spelktakelstik

Wat meie we bliid wêze dat se trochpakt hat. Belle (it famke) en it bist 'Beest' is in hearlik spektakelstik wurden mei bytiden hiel knappe aktear- en sangpartijen.
Alles wurdt út de kast helle. Troch it funksjonele dekôr mei de spesjale effekten stappe we streekrjocht it mearke yn. De heldere stim fan Nynke Paulius as Belle docht de rest...
Nynke Pauluis as Belle © Margon Mink
It ferhaal is bekend. In mearke út de 18de iuw waard troch de animaasjefilm fan Disney in megasukses. It moaiste famke fan it doarp dat troch in kwea-aardich meunster finzen holden wurdt yn syn kastiel. It bist is lykwols in betsjoende prins dy't troch de wiere leafde fan it famke úteinlik wer minsk wurdt.
Yn de Disney-ferzje is dêr noch in leafdeskonkurrint by betocht yn de persoan fan de moaie en meastbegearde frijer fan it doarp. In stoere, mar ek wat dommige bon vivant. Dy't neat út 'e wei giet om mei Belle trouwe te kinnen. Mar sy kiest de inerlike skjintme fan 'it bist' en alles komt goed.

Oanstoarmjend talint

De foarstelling moat wol efkes op gong komme. Benammen de jongste spilers hawwe by de yntroduksje wat muoite mei de artikulaasje. Mar as it doek ien kear iepen is, is it totale ensemble fan MUZT in lust foar each en ear.
Nynke Paulius spant dêrby de kroan. It kin net misse of sy heart by de sawat tsien studinten dy't nei de oplieding it paad nei de profesjonele poadia witte te finen.
Krekt as âld-learlinge Suzanna Pleiter út Balk, dy't nominearre is as 'oanstoarmjend talint' foar de lanlike Musical Awards. It kin net oars oft dat we yn de takomst ek mear fan Nynke hearre sille.
It funksjonele dekôr © Margon Mink
It is tefolle om yn dat ramt alle nammen fan oanstoarmjende talinten te neamen. Dochs kin ik om in pear wier net hinne. Lars van den Bosch en Cas Bouwman bygelyks, dy't as kandler en pendule sa oerstappe kinne nei de 'senior'-edysje fan de musical. Fakwurk!
Wylst Karst Jan Iedema as de knecht fan de doarpsfrijer Gaston it komysk talint oanwaaid liket te wêzen. Moai!

Unyk

Dat eins jildt foar it hiele selskip. Benammen as in ballet útfierd wurdt troch mear as tweintich famkes en jonges. De ien krekt wat eleganter en liniger as de oar. En wat better by stim. Dat is wier. Mar mei-inoar sterk.
En dat is faaks it boadskip fan de oplieding dy't as in reade tried troch it ferhaal hinne rint: Wees blij met jezelf. Je bent uniek, want jij bent jij!
Stern Kok as it Beest © Margon Mink
En ja hear, ek dit mearke hâldt de taskôger in spegel foar. Ta hokker needlot massahystearje en diskriminaasje liede kin. As de egosintryske Gaston de doarpsmienskip derta oanset syn direkte konkurrint yn de leafde, it Beest, te lynchen.

Alluere

Mar lokkich komt it safier net. In mearke bliuwt in mearke. Dus alles komt yn in spektakulêre slotsêne úteinlik wer goed. Moai.
Iréne Martin hat dizze amateur-junior-foarstelling optild ta in musical fan hast profesjonele alluere. Dat wit se sels ek. "Een wereldvoorstelling inderdaad. En dat voor de entreeprijs van slechts 18 euro. Zo'n kans krijg je toch eigenlijk niet meer", sei Martin earder op de generale repetysje.
En se hat gelyk. De fyftjinde produksje fan MUZT fertsjinnet in útferkochte seal. De hiele wike lang!"
Ferslachjouwer Henk te Biesebeek besprekt op sneontemoarn tusken 09.00 en 12.00 oere yn it programma Op & Ut alles wat him op kultureel gebiet ôfspilet yn Fryslân. De resinsjes fan de teäterfoarstellings dy't hy beskôget, ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân. Tips? Mail henk.tebiesebeek@omropfryslan.nl.