Minister De Jonge wol bouwe yn Ljouwert: "We hebben Friesland gewoon nodig"

"We hebben Friesland gewoon nodig. En Friesland heeft Den Haag ook nodig." Dat wie de konklúzje fan minister Hugo de Jonge fan Folkshúsfêsting, dy't op wurkbesite yn Ljouwert wie.
Boargemaster Sybrand Buma en minister Hugo de Jonge yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
"We hebben landelijk 900.000 nieuwe woningen neer te zetten voor 2030", seit De Jonge. In grutte opjefte foar Nederlân, dêr't ek Fryslân en Ljouwert ûnderdiel fan wêze moatte, wat de minister oanbelanget.
"De komende tien jaar moeten er ongeveer een miljoen Nederlanders extra worden gehuisvest, die kunnen echt niet allemaal in de Randstad komen wonen. Hier is de ruimte, hier zijn kansen", seit de minister.

Oanbod: 9.000 wenten yn Ljouwert

Gemeente Ljouwert hat oanbean om 9.000 wenten te bouwen, leit wethâlder Hein de Haan út. "We willen één procent van de nationale opgave hier bouwen. De minister vond het volgens mij mooi om te zien. Landelijk is het niet veel, maar op Friese schaal is het fors."

Buma yn 'e bres

Dêr trune ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert op oan. "'Kijk ook naar Leeuwarden' is een terecht pleidooi van Sybrand Buma geweest", seit De Jonge. "Waarom ook niet in Leeuwarden? Er is een prachtige gelegenheid in het Spoordokgebied."
Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert
Gemeente Ljouwert hat it oanbod dien om te bouwen yn it Spoorzonegebiet (mei ûnder oare de nije wiken Spoordok en Middelsee). "Een stukje stad dat 'fertutearze' is en wat zich goed leent om te gaan bouwen, maar dan hebben we wel het Rijk nodig. Dat verhaal hebben we de minister hier verteld", seit wethâlder De Haan.

Hoop op foarrangstatus

De gemeente hopet dat dit gebiet in status as 'Grootschalige Woningbouwlocatie' fan it Ryk krije kin. Dat is nedich om mei foarrang oanspraak te meitsjen op jild út it Mobiliteitsfûns, dêr't de kommende tsien jier 7,5 miljard euro nei ta giet.
De Jonge wie moandei sels op de fyts yn it Spoordokgebiet, dêr't er mei fertsjintwurdigers fan Fryske oerheden en boubedriuwen spruts. Ek brocht er in besite oan ûnder oare it wykgebou Bilgaard en it Vliet.
Wichtich is foaral dat der betelbere wenten komme, seit De Jonge. Hielendal yn Ljouwert, dêr't in groep ynwenners mei earmoed te krijen hat. "Er is een wijk in Leeuwarden-Oost waar veel te doen is, waar de wijk onder druk staat. Veel armoede, problemen achter de voordeur. Die hangen ook samen met de woningen die er staan. Er is werk aan de winkel."

In stikje Rotterdam yn Ljouwert

De Jonge ken it út syn eigen eftergrûn wei. "Ik kom zelf uit Rotterdam-Zuid. Wat ik hier heb gezien is eigenlijk een stukje Rotterdam-Zuid, maar dan in Leeuwarden. Dus kunnen die steden samen ook optrekken. Ik wist er wel van, omdat ik toen ik nog wethouder in Rotterdam was mocht samenwerken met Marco Florijn, die in Leeuwarden wethouder was geweest. Vandaag heb ik het ook met eigen ogen kunnen zien. Ook van Sybrand Buma wist ik het, ik spreek hem vaak."
Eastlik Ljouwert (mei Bilgaard, Vrijheidswijk, Camminghaburen, Heechterp-Schieringen en Oud Oost) heart by de 16 stedske gebieten yn it lân dêr't it nasjonaal programma 'Leefbaarheid en Veiligheid' op fan tapassing is. De kleau mei de oare parten fan de stêd moat sletten wurde.
Minister Hugo de Jonge
Om't Ljouwert net de iennige gemeente en stêd is dy't fan ditsoarte problemen te lijen hat, is gearwurking neffens de minister essinsjeel. "Samen optrekken met al die andere gemeenten die in hetzelfde schuitje zitten. Hier is een ongelooflijke mogelijkheid om een bijdrage te leveren aan die grote, landelijke taak die we hebben."