Hoareka yn in spagaat: "Je wilt niet alles aan de klant doorberekenen"

Strange lockdowns, lege opbringsten en in grut personielstekoart: de hoareka hat it swier hân yn de coronakrisis en sitte noch midden yn de neisleep. Om te oerlibjen kin de hoareka net oars as de prizen ferheege.
KHN-foarsitter Kor van der Meulen op it hoareka-evenemint:
De coronakrisis hat in soad negative gefolgen foar hoareka-ûndernimmers hân, seit foarsitter Kor van der Meulen fan Koninklijke Horeca Nederland yn Fryslân. "Het betekent dat ze nu heel erg hun wonden aan het likken zijn."

Personiel, yngrediïnten, enerzjykosten

Dat restaurants en kroegen wer iepen kinne, jout enerzjy. Mar der binne wol grutte problemen om genôch personiel te finen. "Heel veel personeel is - terecht - weggelopen om ergens anders te gaan werken. Die krijg je moeilijk weer terug. En als ze terugkomen, willen ze een hoger salaris, want ze zijn anders gewend." Der is in nije cao ôfpraat, wêrmei't personiel ek sa'n 3,2 persint mear fertsjinnet.
Troch de ynflaasje en de oarloch yn Oekraïne wurde yngrediïnten djoerder, lykas de enerzjylêsten. "Eigenlijk zou de ondernemer zijn prijzen drastisch moeten verhogen om de bedrijfsvoering gezond te houden. Alleen voelt de ondernemer dat dat een brug te ver is. Dat is de moeilijkheid."
Foarsitter Kor van der Meulen fan Koninklijke Horeca Nederland yn Fryslân
In soad ûndernimmers wachtsje it noch wat ôf. Van der Meulen neamt it in 'onhandige spagaat.'
Hy seit: "Je wilt niet alles aan de consument doorberekenen. Die hoeft daar niet de dupe van te worden. We hadden gehoopt dat de overheid meer zou compenseren voor de ondernemers. Alle schulden die nu zijn opgebouwd die moeten toch weer ergens terugverdiend worden."

Oerein klauwe

Dochs sjocht Van der Meulen: "Veel ondernemers zetten de schouders eronder en gaan weer vechten, en niet vluchten."
Yn Ljouwert waard moandei wer in hoareka-evenemint yn it WTC organisearre. "We staan hier nu met één grote hal. Ik hoop volgend jaar weer twee hallen. Het is echt weer opkrabbelen."
"Zo'n beurs is en beetje Disneyland", jout Van der Meulen ta. "Iedereen is blij en lacht. Je gaat hier niet de vuile was buiten hangen, iedereen straalt positiviteit uit. Dat is ook de enige manier om hier weer bovenop te komen. Of je stopt, of je gaat door. Je kan niet half doorgaan."