Sander Arends wol Fryske tennis ympuls jaan mei wedstriden yn Ljouwert

Hy spile op Grand Slams as Wimbledon en Roland Garros, mar stie snein op de tennisbaan fan de Ljouwerter feriening 't Nijlân. Sander Arends docht it mei in grutter doel: it Fryske tennis better op 'e kaart sette.
Sander Arends is werom op de Ljouwerter tennisbanen:
It is tsjin tolven as proftennisser Sander Arends it kompleks fan TC 't Nijlân oprint. "Het is een heel bijzondere dag", fertelt de Ljouwerter tennisser. "Het is de eerste keer in vijf, zes jaar tijd dat ik een officiële wedstrijd in Friesland speel."
De manlju fan 't Nijlân spylje yn de haadklasse. Dat is it op-ien-nei heechste nivo fan Nederlân. Gewoanwei dogge de profs net mei yn dy kompetysje, mar Arends dit seizoen wol. Hy spilet minimaal trije fan de sân kompetysjewedstriden mei by de Ljouwerter klup.

"Hartstikke bijzonder"

Ien fan de manlju dy't dêr ferantwurdlik foar is, is Joost Willekes. Hy is de oanfierder fan it tennisteam. Doe't Arends in kear mei harren meitrainde, wat sa út en troch wol ris bart as er yn Fryslân is, pakte Willekes syn kâns.
"Na die tijd raakten we aan de praat. Ik zei: ga jij competitie spelen? Hij zei: ik ben het van plan, maar ik heb nog geen keuze gemaakt. Toen zei ik: kom bij ons spelen. Ik zag een twijfel en er was een opening. Later belde hij me op en zei hij het te gaan doen", fertelt Willekes.
Sander Arends © Dijks Media
Kompetysjeferfalsking is it net. Want as tennisferiening meie je ien gewoan ynskriuwe as lid. En dat is wat se dien hawwe by TC 't Nijlân. Spesjaal is it wol, sa fynt Willekes. "Het is hartstikke bijzonder dat een proftennisser acte de présence geeft in deze klasse. Daar zijn we hartstikke blij om."
De reden dat Arends der ta beslút om kompetysje te spyljen by de Ljouwerter feriening, is om wedstriidritme op te dwaan nei in slimme blessuere. En om wer te spyljen mei syn maten út it ferline.

Ynspirearje

Mar dat net allinnich. Arends hat der in grutter doel mei: "Ik ben nu dertig jaar. Ik vind het een mooi signaal om het Friese tennis een kleine impuls te geven. Hopelijk is dit een startsignaal en kan er een klein balletje gaan rollen", fertelt de dûbelspesjalist.
Het belangrijkste is om zelf op de baan te gaan staan en te inspireren.
Sander Arends wol wat betsjutte foar it Fryske tennis
Hiel konkreet kin hy it net meitsje, mar hy hopet de jongerein dermei te ynspirearjen. "Als sporter zijnde kun je een aantal dingen doen. Het belangrijkste is om zelf op de baan te gaan staan en te inspireren. Hopelijk kun je daarmee jeugd en andere mensen een bepaald beeld geven."
Wat foar byld is dat dan? "Dat je als je hard werkt en 100 procent passie hebt, je kunt zien hoe ver het je kan brengen."
Der kaam in soad publyk ôf op it debút fan Sander Arends © Omrop Fryslân
It helpt wol, want it publyk wit it sportkompleks fan 't Nijlân goed te finen. Willekes hat it ien kear earder sa drok meimakke by de klup. "Het doet me een beetje denken aan 2008. Toen konden we kampioen worden in de tweede klasse van het gemengde team. Toen was het ook druk."
It soarget der ek foar dat Arends wol wat senuweftich wekker wurden is. "Het is een dag waar ik heel erg naar uitkijk. Ik heb wel gezonde spanning, moet ik zeggen."

"Mooie ervaring"

Senuwen binne der ek wol wat by de tsjinstanner fan 't Nijlân. Dat is op de earste kompetysjedei de tennisklup út Bussum. Ien fan harren spilers is Teun Mantel.
Hy hat in Fryske pake en beppe en doe't dy liezen dat Arends meidwaan soe, hawwe se gelyk harren pake- en beppesizzer ynseind. "Ik wilde hier zeker bij zijn", fertelt Mantel. "Ik heb een paar keer dubbeltraining van hem gehad bij de bond. Het is wel speciaal dat we tegen hem mogen spelen."
Mantel is tsjinstanner fan Arends yn it dûbelspul. Mar dêrfoar spilet er ek in partij yn de singles. Dêryn moetet Arends tsjinstanner Alec Drost.
Dy sjocht der allinnich mar nei út om tsjin de 30-jierrige Ljouwerter te spyljen. "Ik vind het een mooie ervaring. Je kan er alleen maar van leren", sa seit Drost, dy't lykwols gjin kadootsjes fuortjaan wol. "Ik wil wel van hem winnen, dus we gaan wel vol de strijd aan."
Sander Arends yn aksje by TC 't Nijlân © Omrop Fryslân
Mar as it ien kear safier is, docht bliken dat Arends dochs in maatsje te grut is foar Drost. De Ljouwerter wint mei 6-4 en 6-1 yn syn single tsjin Drost. In moaie ûnderfining, sa seit Arends. "Kijk om je heen, het is hartstikke gezellig druk. Ik denk dat je mag stellen dat het een mooi debuut is."
Letter op de dei spilet Arends yn it dûbelspul mei Elroy Middendorp. Se hawwe as lytse jonkjes ek al mei-inoar tennisse en binne dêrtroch goed befreone rekke. Dat se no wer tegearre spylje kinne, is foar beiden in eare. Middendorp: "Ja, dit is wel heel bijzonder, hoor."
Spannend wurdt de wedstriid tsjin Mantel en Drost lykwols net. Mei 6-3 en 6-2 giet de winst nei Arends en Middendorp. Yn de earste set krijt Arends it publyk op de banken nei't er foar by it net in knap punt hellet troch in oantal hiel flugge reaksjes.

Mooglik gjin Roland Garros

Takom moandei spilet Arends op 'e nij mei de tennissers fan TC 't Nijlân, dan yn Capelle aan den IJssel. En dan komt der noch in tredde kear. En miskien ek noch wol in fjirde kear.
De kâns is lykwols net sa grut dat we Arends ein maaie yn aksje sjen sille op Roland Garros. Trochdat hy ferline jier in slimme blessuere hân hat oan de pink, is hy net mear streekrjocht pleatst foar it Grand Slamtoernoai.
"Ik heb hulp nodig van iemand die in de top zestig staat", jout Arends ta. "Ik hoop iemand te vinden, maar ik ben afhankelijk van anderen. Als je me nu hardop vraagt, denk ik dat het heel moeilijk gaat worden."
Mocht Arends yndie Roland Garros net helje, dan soe it wol wer mear mooglikheden biede foar TC 't Nijlân. Want mooglik kin er dan noch in ekstra wedstriid meidwaan.
En dat it helpt, dat mei dúdlik wêze. Mei troch de twa oerwinnings fan Arends wint Nijlân de earste haadklassewedstriid fan it seizoen mei 5-1 fan Bussum.