Harnzer skipsbedriuw hâldt Russen en Oekraïners tenei mear útinoar

De oarloch tusken Oekraïne en Russen soarget foar problemen by Fryske rederijen. Ferskate skippen hawwe bemanningsleden yn tsjinst út Oekraïne en Ruslân. De gearwurking kin gefoelich lizze.
JR Shipping oer de bemanningskwestje:
By rederij JR Shipping yn Harns hawwe se besletten om Russyske en Oekraynske bemanningsleden op guon skippen foarearst fan inoar te skieden.

Spanningen

"In het begin van de oorlog viel het nog wel mee. Oekraïense en Russische bemanningsleden varen al jaren samen. Dat ging eigenlijk altijd heel goed. We hebben nu toch besloten om bepaalde schepen te splitsen omdat het spanning oplevert", seit eigener Jan Reier Arends fan it bedriuw.

Frou yn Donetsk, bern yn Marioepol

"We hebben een machinist die al jaren bij ons vaart", seit Arends. "Ik was daar onlangs aan boord en dan vertelt hij dat zijn vrouw in Donetsk zit en zijn kinderen in Marioepol. Hij had al een aantal dagen geen contact weten te krijgen. Dat is echt funest, ook voor de motivatie."
"We gunnen die man alle ruimte aan boord om het wat rustiger aan te doen", giet Arends fierder. "Toch besluit zo'n man wel om aan boord te blijven. Want als hij naar Oekraïne gaat, weet hij in ieder geval dat hij moet gaan vechten en niet iedereen wil en kan dat."
Jan Reier Arends fan JR Shipping oer de situaasje
As se net nei Oekraïne weromgean, dan moatte se wol in oar plak hawwe Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie Harlingen wurdt dan ek platbelle troch Oekraynske bemanningsleden dy't freegje oft er noch plak hat. It opliedingsynstitút fangt flechtlingen út Oekraïne op. Mei-inoar is der plak foar tritich flechtlingen.

Sykje nei opfangplak

"Sa krige wy in appke fan de kaptein fan in Nederlânske seesleper. Dy lei yn Súd-Afrika en hat in Oekraynske masinist. Hy sei: Ik kin neat mear mei dy man. Syn freondinne dy't yn ferwachting is, is flechte en siket opfang. Wy hienen noch plak, dus ik sei: kom hjir mar."
Mintjes hearde dêrnei twa wiken neat, oant er in telefoantsje krige fan in Oekraynske frou yn Nijmegen. Sy wie oansprutsen troch in oare Oekraynske frou dy't gjin wurd oer de grins spruts en dy't har Mintjes syn telefoannûmer jûn hie.
Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie
"Doe gie by my in ljochtsje brânen: it wie de frou fan dy man fan it skip. Ik fuortendaliks in berjochtsje stjoerd en doe kaam de rêst op it skip in bytsje werom."

Fol

Mintjes kin der no lykwols gjin minsken mear by hawwe. "Wy hawwe tritich opfangplakken en sitte fol. Wy sizze altyd: Gean nei de HoekstraHal op It Hearrenfean. Doch dat gewoan. Fryslân is hartstikke goed yn de opfang. It wurdt regele."