GrienLinks wol dúdlikens oer stikstofútstjit Fryske bedriuwen yn lanlike top 100

It provinsjebestjoer moat dúdlik meitsje hokker stikstofútstjit yn de fergunningen stiet foar de ôffaloven Harns, foar it destruksjebedriuw yn Burgum en foar ien boerebedriuw. Dat fynt de Steatefraksje fan GrienLinks.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De twa bedriuwen en de feehâlder stean yn de lanlike top 100 fan bedriuwen dy't de measte stikstof útstjitte. De list is makke troch de oerheid.
Neffens GrienLinks wurdt de ynformaasje dêroer net dield mei de provinsje. De fraksje fynt dat nuver, want fan de provinsje wurdt wol ferwachte dat dy dêr regels foar opstelt.
GrienLinks wol dêrom in top 25 fan Fryske bedriuwen dy't de measte stikstof útstjitte.

Flater yn de ammoniaklist

GrienLinks-Twadde Keamerlid Bromet frege om dy top 100 fan stikstofútstjitters. Der is in list mei stikstofdiokside útstjittende bedriuwen en ien mei ammoniak útstjittende bedriuwen makke troch de minister. Ammoniak is ien fan de stoffen dy't frijkomt as miich en stront fan kij mingd wurde.
Beide listen binne op 5 april publisearre. In dei letter liet de minister witte dat der in flater yn de ammoniaklist slûpt wie. In nije, oanpaste ferzje is der noch net.