Taalkonferinsje yn Wolvegea: efkes episintrum fan 'Nedersaksië'

Yn Wolvegea wurdt op 22 april de earste 'Werkconferentie Nedersaksisch' organisearre, bedoeld om omtinken te freegjen foar it Nedersaksysk. Dêr falt ek it Stellingwarfs ûnder, dat yn East- en Weststellingwerf praat wurdt.
It Nedersaksysk op 'e dyk © ANP
Gemeente Weststellingwerf is foarsitter fan it Nedersaksysk taalkonvenant en mei dêrom de konferinsje opsette. Dêr komme fertsjintwurdigers fan de provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân en Fryslân.
Der komme saakkundigen fan it Nedersaksysk taalbelied oan it wurd en der wurde ferskate workshops en presintaasjes hâlden.
De konferinsje komt út it konvenant 'Erkenning Nedersaksisch' wei, wêryn't it ministearje fan Ynlânske Saken en oare regionale bestjoerders ôfpraat hawwe te wurkjen oan it behâld fan de Nedersaksyske taal.

Fan skamte nei grutskens

Dat is wichtich, fynt wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf as foarsitter fan it Bestuurlijk Overleg Samenwerkende Nedersaksische Overheden. Want der komt noch geregeld skamte foar oer de streektaal.
Hoen groeide sels op yn in húshâlding dêr't Stellingwerfsk praat waard, mar syn omjouwing trune him oan om dochs foaral 'ABN' te praten. Dat moat oars, fynt Hoen.
Saakkundich prof. dr. Goffe Jensma is foarstanner fan taalinisjativen mei it Stellingwerfsk en fynt dat gemeenten dêr in wichtige rol yn spylje kinne. Gemeenten yn it gebiet dat gekjeiend 'Nedersaksië' neamd wurdt, soene wat him oanbelanget mear rezjy krije moatte.