VVD seit sorry, koälysjepartijen sprekke fertrouwen út nei krisisoerlis

De fraksjes fan it CDA, de PvdA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten ha noch hieltyd fertrouwen yn elkoar. Dat ha se hjoed nei elkoar útsprutsen yn in krisisoerlis.
Klaas Kielstra (VVD) © Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma
Oanlieding foar it oerlis wie in mooglike fertrouwensbrek, nei't VVD-Steatelid Durk Pool in nep-Twitteraccount oanmakke hie mei de namme FNP Foar Fryslân.
Pool stapte tongersdei op as Steatelid en de VVD sei yn in ferklearring doe ek dat Pool allinnich hannele. Dat waard net troch elkenien leaud: it fermoeden bestie dat Martin Dijkstra, ek VVD-Steatelid, der ek fan wist.
Dijkstra dielde nammentlik ek tweets fan it account @fnpfoarfryslan. Hy die dat op fersyk fan Pool en seit dat er net wist dat de tweets fan in nepaccount kamen.

Gjin twivel oan yntegriteit

Omdat dat net troch elkenien leaud waard, wie sneintemoarn in krisisoerlis ynpland tusken de fjouwer koälysjepartijen. De fjouwer fraksjes ferklearje dat der net twivele wurdt oan de yntegriteit fan Marten Dijkstra.

Ferklearring

"De partijen geven aan dat zij nog steeds de uitgangspunten onderschrijven die bij de start van deze bestuursperiode zijn gemaakt", stiet yn de ferklearring.
De VVD hat ekskuzen oanbean oan de FNP en dêrmei moat de saak no ôfhannele wêze.