Cambuur swier skansearre tsjin Vitesse: tsien spilers der net by fanwege búkgryp

SC Cambuur spilet snein mei in hiel oar alvetal tsjin Vitesse. De seleksje is troffen troch in útbraak fan búkgryp. De Ljouwerters hawwe frege om útstel fan de wedstriid, mar dêr gie fuotbalbûn KNVB net mei akkoart.
Spilers fan Cambuur © Orange Pictures
Neffens minsken binnen Cambuur binne der wol tsien spilers net by. It soe yn elts gefal gean om Mees Hoedemakers, Robin Maulun, Michael Breij, David Sambissa en Jhondly van der Meer.
Der binne noch krekt foldwaande spilers ynsetber om spylje te kinnen en dus moat de wedstriid fan de KNVB gewoan trochgean.
Cambuur spilet mei de folgende alve spilers: Bos; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Ter Heide, Jacobs, Paulissen; Joosten, Uldrikis en Kallon.