Rebûlje yn Fryske polityk noch net oer; ekstra oerlis fan fraksjefoarsitters oer takomst koälysje

De fraksjefoarsitters fan de koälysjepartijen yn provinsjale steaten binne snein yn Ljouwert byinoar kommen foar in ekstra oerlis. It betrouwen tusken de partijen soe skeind wêze troch it nep-twitterakkount @fnpfoarfryslan dat it opstapte steatelid Durk Pool makke.
Durk Pool © Omrop Fryslân
Pool stapte ôfrûne tongersdei op as steatelid. De VVD ferklearre doe yn in parseberjocht dat it fake-twitterakkount in solo-aksje fan Pool wie, mar dy ferklearring wurdt net troch eltsenien leaud.

Solo-aksje of net?

Njonken Pool stjoerde ek steatelid Marten Dijkstra (VVD) tweets fan @fnpfoarfryslan troch. Dijkstra die dat op fersyk fan Pool en soe net witten hawwe dat de tweets ôfkomstich wiene fan in nepakkount.
Yn tv-programma It Polytburo fan Omrop Fryslân ferklearre VVD-fraksjefoarsitter Klaas Kielstra ôfrûne freed nochris dat it nepakkount in solo-aksje wie fan Pool, mar dy ferklearring wie ûnfoldwaande om it betrouwen tusken de fjouwer partijen yn de provinsjale koälysje wer werom te bringen.

Soargen

Foaral tusken de VVD en de FNP sit de nedige spanning, mar ek CDA en PvdA binne besoarge oer de ûntwikkelings fan ôfrûne wike. Yn it gefal dat njonken Durk Pool ek steatelid Marten Dijkstra opstappe moatte soe, bliuwt fraksjefoarsitter Klaas Kielstra yn syn ientsje achter, omdat steatelid Esther de Vrij (VVD) oerstapt nei de gemeenteried fan De Fryske Marren.
De ôfrûne jierren wie der yn de provinsjale polityk geregeld argewaasje tusken benammen de VVD en de FNP. De VVD is min te sprekken oer de tige krityske hâlding fan de FNP tsjinoer it Deltaplan fan it Noarden en de Lelyline.
Yn VVD-eagen is yn it koälysje-akkoart 'Lok op 1' ôfpraat dat de realisaasje fan de Lelyline ien fan de topprioriteiten is fan de provinsje. Yn ferkiezingstiid affysjes ophingje mei de tekst 'Gjin Lelyline', sa't de FNP-ôfdieling Opsterlân die, is neffens de VVD yn striid mei de koälysje-ôfspraken.

Wolf

As it giet om de oanpak fan de troch Fryslân swalkjende wolven is de VVD - tegearre mei it CDA - yn opposysje tsjin it belied fan wylde biste-deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP. VVD en CDA fine Fryslân 'net geskikt' foar de wolf en wolle de rôfbisten opkeare om slachtingen ûnder fee foar te kommen.
Fokkinga - en ek de FNP-fraksje yn de steaten - hâlde harren foar dat de wolf in op Europeesk nivo beskerme bistesoarte is en kieze foar praktyske oanfoljende maatregels. De provinsje komt no mei in wolvekonsulint en subsydzje foar stekken en maatregels om it fee te beskermjen, maatregels dy't de VVD te meager fynt.

Is der noch fertrouwen?

De fraksjefoarsitters fan de koälysjepartijen ûndersykje snein oft se inoar noch genôch fertrouwe kinne om de rit fol te meitsjen oant de ferkiezings fan 2023. Dat betrouwen is dizze wike skeind troch de affêre mei it nep-twitterakkount. It feit dat soks barre kin: in steatelid dy't nep-boadskippen ferspriedt út namme fan in koälysjegenoat, jout wol oan dat de argewaasje tusken dy partijen ek al dêrfoar ridlik heech oprûn wie.
Pool hat troch syn aksje de argewaasje en de spanningen tusken de partijen grutter makke. It is no oan de fraksjefoarsitters om te besykjen om dy argewaasje wer del te bêdzjen, as dat noch mooglik is. Yn de maaitiid fan 2023 is it wurd oan de kiezer. Wat de útslach ek wurdt, de kâns dat FNP en VVD wer tegearre yn ien koälysje stappe liket net bysûnder grut.