Leit der in âlde tagongspoarte fan Ljouwert yn Park Jongemastate?

Stefien Smeding fan It Fryske Gea ûndersiket ferskate teoryen oer de werkomst fan de stiennen dy't fûn binne by Jongemastate yn Raerd. It kin wêze dat de stiennen ôfkomstich binne fan in âlde tagongspoarte fan Ljouwert: de Wurdumerpoarte.
De stiennen fan Jongemastate © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Evert Dijkstra hat de stiennen fûn yn in âlde daam njonken de âlde state.
Dijkstra is boer op in pleats dy't eartiids by Jongemastate hearde. Hy ken it gebiet goed, boarte as lyts jonkje yn it park en kin him ek noch heuge dat der doe in âlde iiskelder yn Park Jongemastate wie. Dêr is no neat mear fan werom te finen.
In ympresje fan Jongemastate © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De lêste bewenners fan Jongemastate ferhuzen yn 1912 nei Zwolle. De state waard doe ôfbrutsen. De grûn waard skonken oan de tsjerke en dy hat fan it terrein in park makke.
Park Jongemastate wurdt no beheard troch It Fryske Gea. As ien mear wit fan de werkomst fan de stiennen dan kinne se kontakt opnimme mei It Fryske Gea.
De reportaazje oer Jongemastate yn Buro de Vries