Coronaskea brune float pas oer jierren wer goedmakke

Yn Harns is it farseizoen foar de brune float offisjeel úteinset mei de Floatdei, dêr't in soad minsken op ôfkamen. Dat is mar goed ek, want nei twa coronajierren is dit in wichtich seizoen foar de float.
De coronastipe foar de sektor kaam pas hiel let op gong. Dochs binne alle skippen en bedriuwen der noch, seit foarsitter Paul Scheffer fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen (VBZH). "Je merkt dat men aan de slag wil."
"Een aantal heeft gebruikgemaakt van het stilliggen door het schip een goede beurt te geven", seit er. Mar ekstra ynvestearrings yn skippen binne geregeld útsteld. Scheffer: "Er zijn er ook die schulden gemaakt hebben die de komende jaren terugverdiend moeten worden."
Yn de Zuiderhaven is dêr neat fan te fernimmen. It houtwurk sit bytiden moai yn de lak en de skippen fris yn de ferve. En it is drok by de skippen.

Dútsers

Dat jildt ek foar de Dútsers dy't harren no wer melde foar in fartocht. It giet goed mei it tal boekings, mar dat seit net alles, want der binne ek fartochten yn 2020 net trochgien dêr't minsken voucher foar krigen hawwe.
Dat jild is twa jier lyn al oermakke en dêr hawwe je no net it measte oan. "We zullen er nog jaren de gevolgen van ondervinden", seit Scheffer.
Brune float kin 'pas oer twa of trije jier wer oan de takomst tinke':