HEA! Drokke stukadoar

Stukadoar Johan Dekens fan Reduzum sil in putsje dwaan by de buorlju. Hy hat it smoardrok mei it wurk, want der binne hast gjin minsken te krijen.
HEA! Goeie stukadoar:
Dekens besiket wol nij personiel te werven en op te lieden, mar dat slagget mar min. Neffens him wol de jongerein gjin smoarge hannen mear krije. Yn syn frije tiid is de stukadoar reedrydtrainer. Dêr hellet hy in soad foldwaning út. Under syn pupillen sit in soad talint.