FryslânDOK: in nije Fryske passy

Skriuwer en dichter Eppie Dam skreau mei komponist Gerben van der Veen in nije Fryske Passy. It âlde lijensferhaal fan Jezus krige in oare draai en dêrmei in hjoeddeiske betsjutting. De FryslânDOK 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner' wurdt útstjoerd by NPO2 op 9 april en by Omrop Fryslân op 10 april.
De passy is yn premjêre gien yn de Meinardstsjerke yn Minnertsgea op 8 april. Op 9 april en 10 april binne der útfierings yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean, ûnder lieding fan komponist en dirigint Gerben van der Veen.
Gerben van der Veen © Omrop Fryslân
De tradisjonele passys hâlde op by de dea fan Jezus. Mar hjir rint it ferhaal troch mei de skiednis fan de Emmaüsgongers. Wylst sy ûnderweis binne nei it doarp rint Jezus mei harren op, mar se werkenne him earst net.
Emmaüsgongers - Henri Schoonbrood 1929 © Omrop Fryslân
Eppie Dam: "Yn ús ferhaal wurdt dúdlik dat de ienling it hast altyd ôflizze moat tsjin de massa en de macht. In minske (Jezus) makke it ferskil, mar waard net sjoen en blykte in frjemde yn Jeruzalem. En ús ferhaal wol ek sjen litte dat jo miskien better net op manlju mar op froulju bouwe kinne. Sy binne ivich de stille krêften yn de kantline fan de histoarje."
Dokumintêremakker Albert Jensma oer de Fryske passy
De nije muzyk is mei de gebrûklike koralen, resitativen en aria's, mar hat in lytsere muzikale besetting mei ynstruminten lykas harmoanium, marimba, fluit, harp, slachwurk en strikers.
Repetysje (mei marimba) © Omrop Fryslân
Eppie Dam en Gerben van der Veen binne twa begenedige Fryske keunstners dy't harren spoaren al lang fertsjinne hawwe. Sy binne net benaud om mei dizze passy grinzen te ferlizzen en in dúdlike ferbining te sykjen tusken harren leauwen en wat der no spilet yn de wrâld. "It bêste dat ús oait út hannen kaam is", sizze se.
Eppie Dam © Omrop Fryslân
FryslânDOK 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner'
Sneon 9 april NPO2 15.30 oere (werhelling 10 april 13.10 oere)
Snein 10 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
FryslânDOK: in nije Fryske passy: