GGD Fryslân skaalt ôf: test- en faksinaasjelokaasjes byinoar foege

GGD Fryslân sil it tal test- en faksinaasjelokaasjes stadichoan ôfskale. De fjouwer fêste prikplakken op It Hearrenfean, Dokkum, Ljouwert en Snits, wurde omboud ta lokaasjes dêr't minsken har ek teste litte kinne op it coronafirus.
© ANP
It tal coronabesmettingen yn Fryslân is wer flink ôfnaam de ôfrûne wike. It gie om 3.602 besmettingen, wylst it yn de sân dagen derfoar noch om 7.177 besmettingen gie.

Minder testkapasiteit

By GGD Fryslân hoege minsken har fan 11 april ôf net mear testte te litten by klachten. In selstest is dan foldwaande, fynt it kabinet. Dêrom sil GGD Fryslân ôfskale nei in testkapasiteit fan 2.200 tests de dei yn de earste wike fan maaie.
De testlokaasjes dy't slute binne dy fan Easterwâlde, Kollum, Harns en Sondel. Yn Drachten komt in nije test- en faksinaasjelokaasje oan it Helmhout en giet de âlde yn it Fries Congrescentrum ticht.

Tal faksinaasjes ôfskaald

Ek it tal prikken sil ôfskaald wurde. Der binne op it stuit sa'n 1,1 miljoen prikken set. GGD Fryslân wol ta nei 2.000 prikken de wike.