7 jier en tbs easke tsjin Ljouwerter brânstichter foar 19 brannen yn Harns

Tsjin de 25-jierrige fertochte fan Ljouwert dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar brânstichting is sân jier en tbs mei twangferpleging easke troch it Iepenbier Ministearje. De man wurdt fertocht fan leafst 19 brannen yn Harns.
© CAMJO media
De brannen wiene tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2020. Saakkundigen hawwe tbs mei betingsten advisearre, dat is in 'lichtere' foarm fan tbs. Mar dêr stiet in maksimumstraf fan fiif jier op.

Tal fan brannen yn Harns

Tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2020 hawwe der sa'n 60 brantsjes west yn Harns, benammen yn de Oosterparkwijk en Plan-Zuid. By op syn minst 22 wie der sprake fan brânstichting.
Nei't de plysje yn juny dit jier kamerabylden dielde, kamen der tips binnen. It ûndersyk late lang om let nei de Ljouwerter. Hy waard begjin augustus oanholden.